Provinsjaal stipepunt Donkerbroek komt yn bloei

maart 11, 2023 08:17

It provinsjaal stipepunt yn Donkerbroek kriget in natuerlike ynrjochting. Yn totaal wurdt 1600 m2 om de lokaasje hinne op bioferskate wize ynrjochte. Dat is ien fan de aksjes út it provinsjale opbetterprogramma bioferskaat. Deputearren Hoogland en Fokkens-Kelder seagen freed 10 maart by it wurk yn Donkerbroek.

Peter de Boer fan FaunaX jout in taljochting (foto: Provinsje Fryslân)

It strakke, griene en koart meande gers feroaret yn blommegreiden, mei in bijemuorre, bijehotels en puollen dêr’t kikkerts en oare amfibyen fan hâlde. Yn de blommegreiden komme ferskate fruitbeammen, dêr’t ûnder de betide bloei hommels en oare nektaritende ynsekten fan profitearje. Fierder wurdt de besteande sleat oan de súdeastkant fan it terrein ferbrede mei in natuerlike, flauwe igge. Dêr ûntwikkelje har krûden en reid, dêr’t amfibyen en libellen op ôf komme en harren yn fuortplantsje kinne.

Foarbyldlokaasje
De lokaasje yn Donkerbroek is in moaie foarbyldlokaasje foar oare stipepunten, mar ek foar oare organisaasjes dy’t yn yndustrieel gebiet mei in bioferskate ynrjochting oan ’e slach wolle. Op dizze lokaasje docht de provinsje de kommende jierren ûnderfining op mei it natuerlike behear en ûnderhâld.

Foto: Provinsje Fryslân

Strienbrek
De natuerlike ynrjochting fan de stipepunten jout ek ynfolling oan de oannommen “Moasje Stienbrek” fan de SP út 2021. Stichting Steenbreek waard yn 2015 oprjochte fanwegen de noed om it ôfnimmende bioferskaat en de tanimmende trend om tunen te betegeljen. Underwilens is Steenbreek útgroeid ta in lanlike kennis- en netwurkorganisaasje.

Eftergrûn
De provinsje hat yn Fryslân sa’n tolve “stipepuntlokaasjes” yn eigendom, benammen op yndustryterreinen. Dêr leit materiaal en materieel opslein, lykas sân, sâlt, weinen en masinen. Ut dy lokaasjes binne de fiif kânsrykste lokaasjes selektearre. Buro FaunaX B.V. sketste de plannen om dêr it bioferskaat te ferheegjen oan ‘e hân fan it model foar bioferskaat op bedriuweterreinen fan Ynnatura. Mei it wurk op de earste lokaasje – Donkerbroek – is no dus in begjin makke.

Foto: Provinsje Fryslân

maart 11, 2023 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.