Pretinsjeleas mar treflik amusemint oer frou mei twa frijers
Resint ferskynd
Toanielresinsje fan Sieger Bijsterveld
De Fryske Krite De Jouwer spilet ‘Key for Two’ fan John Chapman en Dave Freeman yn de Fryske oersetting ‘Privee foar Twa’ fan Baukje Stavinga.
‘Mei dit blijspul geane we werom yn de tiid, nei de tachtiger jierren’, kundiget De Krite oan. It komt út dat it in tiid is sûnder mobyltsjes, mar fierder is it ferhaal fan hjoed-de-dei. Yn it begjin liket it ek in protte op in blijspul, mar letter is it in echte klucht mei alle eleminten dy’t dêrby hearre: betizing, persoansferwikseling, absurde situaasjes en wat net al. Wat ha de skriuwers der in fermaaklike tizeboel fan makke. Allinne de froulju fan de twa dogeneaten feroarje net.
Hetty, in skieden frou, hat it aardich foarinoar: moai appartemint en in ynkommen dêr’t har frijers – alle twa troud – foar soargje. Se hat eins mar ien probleem: se moat de mannen útinoar hâlde. Mei help fan de troch har betochte ‘mem’ slagget se dêryn.
Alles feroaret lykwols as har suster Anne samar ynienen opdaget en hast tagelyk de driging ûntstiet dat har beide ‘freonen’ inoar moetsje. It blijspul – as it dat al west hat – wurdt in klucht en alle logika ferdwynt as reek foar de sinne. Dat mei fansels yn in klucht dêr’t alles draait om laitsjen. En foar wa’t fan in klucht hâldt, kin har/him de bûsen útskuorre.
Der wurdt spile yn in lykas altyd hiel fersoarge dekôr. De bouwers kinne der wat fan! De regisseur (Sylvia Beintema) en de spilers hawwe har mei ‘Privee foar Twa’ wol wat op ‘e hals helle. Om fan in ferhaal sûnder al te folle ynhâld dochs in goede toanielfoarstelling te meitsjen, falt net ta. Bernard Atsma (koe him útlibje as dronkenlap), Sietske Heeg (prachtich spile), Boukje Hofma (hiel moai dien), Roelof Klos (goed), Rein Leenstra (soms wat minder natuerlik), Wiep Ringnalda (pittich minske) en Margje Wierda (wat in moai typke) hawwe der wat fan makke. It tempo – foel soms efkes fuort – dat by in klucht heart, hiene se goed te pakken.
Bewûndering fertsjinnet Hetty, Sietske Heeg. De ûnbidige hoemannichte tekst dy’t se leare moast, brocht se op treflike wize foar it fuotljocht. It stik driuwt foar in grut part op har – sûnder dêrmei de oaren tekoart dwaan te wollen. De manlju – wolris wat ‘lûdroftich’ – fertsjinje in komplimint foar de sênen mei lichaamlik ûngemak. Dy waarden prachtich útfierd.
De premjêre waard bywenne troch likernôch hûndert belangstellenden. De foarstelling is noch te sjen op freed 17 en op sneon 18 maart yn ’t Haske op ’e Jouwer. Oanfang 20.00 oere. Wa’t in noflike jûn wol, moat derhinne.
Sjoch hjirre foar mear ynformaasje en kaarten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje