‘Pinkeltje in Friesland’ no ek yn it Frysk

maart 17, 2023 09:16

Nei ûnder oaren de Efteling, Diergaarde Blijdorp, Texel, it Dolfinarium, it Spoorwegmuseum en it Rijksmuseum wie it ferline jier tiid foar Pinkeltje om ôf te reizgjen nei Fryslân: Pinkeltje in Friesland. It boek fan Studio Dick Laan is no troch Ytsje Steen oersetten nei it Frysk en okkerdeis by útjouwerij Afûk ferskynd ûnder de titel Pinkeltsje yn Fryslân.

Boarne: Studio Dick Laan/Afûk

Pinkeltsje belibbet net allinne in spannend aventoer, mar komt ûnderweis ek fan alles te witten oer ferskillende Fryske stêden, lykas Ljouwert, Snits, Frjentsjer en Dokkum.

Ynhâld
Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân? It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân – mar se binne net de iennichsten mei dy missy…

Boekgegevens
Pinkeltsje yn Fryslân | Auteur: Studio Dick Laan | Oersetting: Ytsje Steen | Utfiering: ynbûn | ISBN: 978 949 3159990 | Tal siden: 144 | Ferkeappriis: € 13,99 | www.afuk.frl.

maart 17, 2023 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.