Pier Bergsma: De woke ynkwisysje slacht ta
Resint ferskynd
Skôging

Utj. Regaad
Ik bin in leafhawwer fan it wurk fan Roald Dahl. Al soe it allinne al wêze om it taalgebrûk. Foar my leit De GFR, de ‘Grutte Freonlike Reus’, in moaie oersetting fan The Big Friendly Giant troch Martsje de Jong. De reuzen hawwe hjir nammen yn krige as De Bonkebrekker, de Famkestamper en de Minskemepper. As it oan de famylje fan Dahl en Netflix leit, sille sokke wurden earst hifke wurde moatte troch sensitivity readers, in foarm fan moderne sensuer. (‘Boeken Roald Dahl aangepast om beledigend taalgebruik’, LC 20/2)
Nije edysjes fan it wurk fan Roald Dahl binne neffens in fertsjintwurdiger fan de famylje en útjouwerij Puffin Books oanpast om se “minder offensyf en mear ynklusyf te meitsjen”. Ik freegje my ôf hoe lang oft ik myn bernsbern noch foarlêze mei út De heksen, want it taalgebrûk yn dat boek skynt de earme bernesieltjes foar altyd te bedjerren.
Dy oanfal op boeken is net nij. In jier of tsien lyn waard yn België in rjochtsaak oanspand tsjin de útjouwer fan Kuifje. De oarspronklike Frânsktalige útjefte Tin Tin au Congo, Kuifje yn Afrika, moast út de hannel, oanpast wurde of útjûn mei in warskôging fanwegen it rasisme. It is yndied in rasistysk boek. De ‘negers’ – dat meist tsjintwurdich net mear sizze – wurde delset as ûnnoazel en loai. In warskôging liket my dus needsaaklik, mar ferbiede? De Belgyske rjochter gie der net yn mei. De minsken moasten it wurk “tsjin it ljocht fan de tiid” sjen.
Der binne grinzen. It museum voor het boek ‘Meermanno-Westreenianum’ yn De Haach hie fjouwer jier lyn in nijsgjirrige útstalling oer ‘foute’ boeken mei titels as Het kerstjoodje en Tien kleine negertjes. Dat soarte fan boeken kin tsjintwurdich net mear útjûn wurde. Gelokkich mar.
Mar oerdriuw it net. Dy ‘woke’-hype treft net allinne skriuwers en útjouwers. Sa moatte strjitnammen oanpast wurde en stânbylden ferdwine. Ferline jier novimber woe in promovenda yn Leiden in skilderij yn it universiteitsgebou út it sicht hawwe, want se waard net goed by it sjen fan sigaarsmokende wite âldere manlju. By it prachtige skilderij Therèse dreaming fan Balthus yn it MET yn New York moast ekstra útlis jûn wurde en der waard sels foar pleite om der konstant ien by te setten. It publyk soe ris skokt wurde kinne troch it ûnderbroekje fan Therèse. Ik wurd ûnderweis yn de trein net mear as ‘dame of hear’ op ’e hichte holden, mar as ‘reizger’. Soks fanwegen de kwetsberens fan guon dy’t har net man of frou fiele.
Hoe fier geane wy eins mei dat ferpopkjen fan folwoeksenen en bern. It lit my te folle tinke oan de eardere sensuer fan de roomsk-katolike tsjerke of oan ‘the newspeak’ yn it boek 1984 fan George Orwell. Dêr mei de taal allinne polityk korrekt wêze en yn oerienstimming mei wat de machthawwers fine.
Literatuer en keunst moat frij bliuwe fan sokke yngrepen. Der is wier gjin reden om Dahl oan te passen. Der leit foar de wokeynkwisysje de kommende jierren genôch te dwaan. Ik haw in pear ideeën. It liket my ta dat de mearkes fan Grimm nedich oanpast wurde moatte om fan it Alde Testamint fan de Bibel, de Koran en de Thora mar net te praten. As men teksten oanpasse of fan kritysk kommentaar foarsjen wol, dan soe dy wokesekte wol ris mei de lêste trije begjinne kinne, mar der binne se grif te skiterich foar.
De GFR wurdt útjûn troch Regaad, priis € 17,50
Och ja, de tiden feroarje, wat foar de ien wat dreger is as foar de oar. Hjoeddeis is der oer sok taalgebrûk in protte diskusje, wat allinnich mar goed is yn in sûne demokrasy. Efterstelde groepen komme no einlik ris in kear op foar harren rjochten. Mar spitich genôch liket it der op dat jo je troch de rjochtse kant fan ‘e polityk ferlieden litten ta ‘hokjestinken’ en ha jo in nije mar net besteande groep ‘woke’-minsken betocht om dêr dan mar ris efkes goed boas op te wurden. En dat yn plak fan wat krityske yntrospeksje yn joself. Lês ek ris in beskôging fan ‘e Volkskrant wêryn jo lese kun dat it allegearre krekt wat oars leit mei Roald Dahl en dat miskien net de saneamde ‘woke’ minken it lûdst binne, mar dochs foaral de hystearyske reaksjes op in pear lytse oanpassings. Lykas as dit artikel.(https://www.volkskrant.nl/nieuws-achtergrond/nog-een-keer-roald-dahl-omdat-het-allemaal-net-iets-anders-zit-dan-werd-voorgespiegeld~bfe0eb7f/).
Bêste Folkert Slurf,
[Google neemt afscheid van advertenties waarin Zwarte Piet te zien is. Verder kan op YouTube, een dochterbedrijf van Google, voortaan geen geld meer verdiend worden met video’s van Zwarte Piet of Roetveegpiet, zo maakte Google Nederland dinsdag bekend. 28-10-2020]
Myn eardere skôgingen oer de swarte feint en dy oer de hekse binne in pleit foar mear nuânse, mar by Woke fine we gjin nuânse!
Nuânse is langer fier te sykjen, der moat keazen wurden tusken it iene en it oare kamp. Mar beharkje nochris OVT fan fan ‘e moarn werom. De nije kollumniste Ellen Ombre wurdt as ‘swart’ omskreaun troch de presintatrise Julie Blussé. Ombre kin it dêr net mei lykfine: ‘sjoch noch mar ris goed’. Hja daget de presintatrise – om ‘e nocht – út it wurd ‘neger’ te brûken, om’t dat neffens har alhiel gjin negative konnotaasje hat. Dat it dat foar guon hjoed-de-dei wol hat, is in Amerikaanske opstiging. Ik soe dêr oan taheakje wolle dat wy dêr earder it skelwurd ‘nikker’ foar hiene. De gefoelswearde fan wurden kin mei de tiid feroarje, mar by de taalplysjes fan de lêste tiid krij ik in hiel aaklik gefoel.
Beropsferboaden, goede/ferkearde taallisten, ferplichte kursussen (heropvoeding), boeken ferbiede. Woke is hielendal geweldich.
Lit ús mei syn allen út namme fan ‘e woke God wer lekker boeken ferbaarne en minsken ferfolgje. Dan wurde wy allegear goede minsken en komme wy yn ‘e woke himel.