Opnij ûntslaggen by Twitter: minder as 2000 minsken oer

maart 1, 2023 08:33 Fernijd

Twitter hat ôfrûne wykein opnij op syn minst twahûndert wurknimmers dien jûn. Dat berjochtet de Amerikaanske krante The New York Times. Dat is likernôch tsien persint fan de minsken dy’t noch foar it sosjalemediabedriuw wurken. Twitter hat sels noch net op it nijs reagearre.

Ofbylding: Twitter

Nei it oernimmen fan Twitter troch Elon Musk yn oktober ferline jier hawwe der ferskate ûntslachomgongen west. Om kosten te drukken hat Musk, dy’t ek topman fan autofabrikant Tesla en romtefeartbedriuw SpaceX is, it personielsbestân fan 7500 nei ûnderwilens minder as 2000 tebek brocht. Neffens ynwijden dy’t mei The New York Times praten, binne de ûntslaggen fallen ûnder produktmanagers, datawittenskippers en technisy dy’t oan de betrouberens fan de side wurken. De ploech dy’t de tsjinsten ûnderhâldt dêr’t Twitter jild mei fertsjinnet, waard fan tritich nei acht minsken tebek brocht.

De ôfrûne tiid wiene der mear grutte ûntslachomgongen by grutte techbedriuwen. Sa ferdwine by Google 12.000 banen. Microsoft makke ferline moanne buorkundich 10.000 banen te skrassen en by webwinkel Amazon giet in streek troch 18.000 arbeidsplakken. It memmebedriuw fan Facebook en Instagram kundige yn novimber ferline jier in grutte ûntslachomgong oan: by Meta ferlieze 11.000 wurknimmers harren baan.

maart 1, 2023 08:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.