Oersetwedstriid Randy Newman
Resint ferskynd
Ferslach fan Pier Bergsma
Foar de tredde kear organisearre de Ried fan de Fryske Beweging yn gearwurking mei magazine DE NIJE in oersetwedstriid. Dizze kear as opjefte om in oersetting te meitsjen fan nei kar ‘Sail Away’, ‘Birmingham’ of ‘Old Kentucky Home’, alle trije Newman-lieten.

F.l.n.r.: Sybrig Bethlehem, Frits Feddema, Hein Jaap Hilarides, Adri de Boer, Kees Tholen en Pier Bergsma. De earste priiswinner Peter Miedema koe spitigernôch noch net oanwêzich wêze. (foto: It Nijs)
Oentsjerk, 19 maart 2023. Randy Newman wurdt dit jier tachtich. It like sadwaande de redaksje fan DE NIJE in goed idee om in liet fan him te kiezen foar de oersetwedstriid. It lei yn de bedoeling dat Newman in Europeeske toer meitsje soe mei û.o. in optreden op tongersdei 9 febrewaris yn De Oosterpoort yn Grins. Dat koe fanwegen sykte spitigernôch net trochgean.
In grut part fan de mear as tritich dielnimmers wie sneintemiddei 19 maart nei kafee Stania State kaam om de útslach fan de wedstriid te hearren, te sjongen en te harkjen nei sjonger Adri de Boer, dy’t mei Giny Bastiaans en Kees Tholen de sjuery foarme. Taheakke binne de teksten fan de winnende lieten opnommen.
Dêrneist de teksten fan de minsken dy’t de moed hiene om op te treden. Dat wie Tamme Bergsma út Hoogland mei in suksesfol optreden fan syn ‘Harkema’, Anneke Burgy en Jetse Goris mei twa kear ‘Jobbegea’ en Neeltsje Terpstra mei ‘Yn de wyn op it Waad’. Frits Feddema hie syn liet ynstjoerd, songen mei orkestbegelieding. Dat hawwe wy hearre litten:
Net allinne ‘Sail Away’
Yn it earstoan wie de opjefte om in oersetting te meitsjen fan ‘Sail Away’. Der kaam fan in pear kanten krityk op: is dit wol in gaadlik liet om oer te setten? It giet oer in slaveskip. Kin soks oerset wurde nei Fryslân? Dat lêste wie nammentlik in betingst. De redaksje fan DE NIJE hat doe besletten om ek twa oare lieten as kar te jaan: ‘Birmingham’ en ‘Old Kentucky Home’. Uteinlik hiene fjouwer dielnimmers keazen foar ‘Kentucky’, fjirtjin foar ‘Sail Away’ en foar ‘Birmingham’ wiene der likefolle.
Dat lêste liet ynspirearre dielnimmers ta titels as Jobbegea, Aldegea, Broeksterwâld, Gaasterlân, Poptaslot, Bartlehiem of Eastermar mei moaie fynsten as: “Hearrenfean, Hearrenfean, gjin better plak om dea te gean. Dat gat is ús fertsjinne lean” (Koos Tiemersma, Drachten) of “De Harkema, De Harkema, wa wol dêr no net op ta” (Geert de Boer, De Harkema).
‘Sail Away’ ynspirearre Hillebrand Visser ûnder mear ta “Want de wolf binn’ wy treast en elk oare eksoat, wy ha’ toarnbeien, twibak en keallepoat”. Lomme Schokker kaam mei “Yn ús mienskip is elkenien frij. Ha gjin noed, want wy stypje dij”. Eppie Dam sette ‘Old Kentucky’ oer yn it Pompsters, de omtrint útstoarne taal fan Kollumerpomp mei “O de sun skynt fuul op ‘e puultsjes fan ‘e Pomp en ut gif werkt goed teegn luus. O de sun skynt fuul op ‘e puultsjes fan ‘e pomp en ik guul wel myn traann fêr fan huus”.
Al mei al kreativiteit genôch. De Ried en de redaksje fan DE NIJE kinne weromsjen op tige slagge middei mei troch it optreden fan sjonger Adri de Boer. Nochris tank ! En fansels tank oan al dy minsken dy’t meidien hawwe oan dizze wedstriid. Op nei takomme jier.
Hein Jaap Hilarides spilet en sjongt syn ‘Myn ouwe Bildtse Steed’
Sjueryrapport liettekstkriich De Nije, maart 2023
Wy krigen in moai tal ynstjoeringen te beharkjen en te besjen! It nivo fan de teksten lei aardich heech. In soad kreative fynsten. Mar spitigernôch kamen we ek min Frysk tsjin.
Somtiden wiene dat wol leuke teksten, mar troch té folle flaters kamen se net by de winnende trije. Wat ek opfoel, dat guon teksten net goed strieken mei de muzyk. Dat je dus oanrommelje moasten om de hiele sin goed sjonge te kinnen. Dus in pear tips:
Folgje ris in kursus Frysk. Wy wolle dochs ek geef Nederlânsk skriuwe, dus wêrom net yn it Frysk? En hear krekt sa faak nei it liet dat oerset wurde moat, dat de meldij dy net mear út ‘e holle te brânen is. Dan pas komme de wurden goed teplak op de meldij.
Tamme Bergsma sjongt syn ‘De Harkema’, begelaat troch Adri de Boer.
De winnende lietteksten:
3e priis: ‘Aldegea’ troch Sybrig Betlehem
Prachtig yn taalgebrûk. Leuke tekst. Aardich passend op de meldij.
In goed rinnend ferhaal oer in doarpke mei skiednis.
Der binne gjin wurden dy’t net teplak stean.
2e priis: ‘Myn ouwe Bildtse Steed’ troch Hein Jaap Hilarides
Skitterjend Biltsk en past o sa moai yn de muzyk. Strykt moai mei de meldij.
Dizze tekst jout eins fan it begjin oan ’e ein oan hoe’t it folk út it Bilt yninoar stekt. Mar ek wat der te finen is yn it Bilt as streek.
De tekst rint goed en is eins ek in oade oan It Bilt.
1e priis: ‘Voorstad van London / Harlingen’ troch Peter Miedema
Prachtich yn taal, en sa nochter yn wurden.
It kearsankje sprekt oan yn it beskriuwen fan it grutsk wêzen oer de stêd.
Tekst mei humor. Leit goed op de meldij. Prachtich oerset.
In útdaagjende tekst foar eltse Hanzer.
Grut yn tekst mei útspraken as “Voorstad van Londen”. Goed fûn en in meisjonger.
Mei eare neamd: ‘Aldegea’ troch Frits Feddema
In geweldich moai kearsankje.
Leuke tekst mei hjir en dêr in lytse opmerking mar hiel goed te lêzen en te sjongen.
Mei freonlike groetnis,
Giny Bastiaans, Kees Tholen en Adri de Boer
Taheakke: teksten winnende lieten
Neeltsje Terpstra draacht ‘Yn de wyn op it Waad’ foar, har oersetting fan ‘Sail Away’
In sympatyk inisjatyf fansels, en alle respekt foar de meidoggers. Mar oersette fan in tekst is wat oars as in tekst ferfryskje, en dat lêste hat blykber de foarkar fan in protte meidoggers en de sjuery hân, sjoen de titels fan de winnende ynstjoeringen. Ferfryskje – in tekst net inkeld yn de Fryske taal oerbringe, mar ek ynhâldlik op Fryske konteksten tasnije – die men benammen yn de 19e ieu, doe’t Frysk-lêzers noch net folle lêsûnderfining hiene en der in protte foardroegen waard. Yn ús tiid kin ik lykwols gjin goede reden betinke om teksten te ferfryskjen ynstee fan oer te setten – wy hawwe de geografyske of sosjale werkenning dy’t yn it ferfryskjen opsletten leit net mear noadich om teksten begripe of wurdearje te kinnen. Miskien in punt om nochris oer nei te tinken yn ferbân mei ditsoarte eveneminten.
Menear Abe de Vries, ik bin ien fan de dielnimmers oan de kriich en ik wenje al sa’n fjirtich jier yn de omkriten fan Utert. Ik ken jo namme net, mar miskien binne jo in bikende Fries yn de Fryske kultuur of taal.
It wurdt my yn jo ferhaal net dúdlik wat jo punt is. Ik kin wêze dat jo de opdracht net witte of dat jo de teksten fan Randy Newman net kenne.
De opdracht wie (sa haw ik it lêzen en dien) om in liet fan Randy oer te setten nei de Fryske situaasje mei dêr yn de typyske twadde en tredde laach (humor en satire/sarkasme) dy’t him sa typearje.
Dus net wurd foar wurd oersette nei it Frysk, mar in Frysktalige ynterpretaasje.
De sjuery hat in kar makke en der wiene prachtige teksten by.
Sa’t ik jo ferhaal lêze soe “Birmingham” gewoan “Birmingham” bliuwe en “Kentucky””Kentucky” en soe it slavenskip gewoan nei Amerika farre.
Wat let jo om in eigen oersetkriich op te setten neffens jo regels en om sels ek in oersetting te besykjen?
Ek dêr komt in soad kunde en taalgefoel by te sjen, lykas dat ôfrûne snein yn Stania State ek it gefal wie.
Ik tink dat alle rom tritich dielnimmers ôfrûne snein bliid wiene mei it inisjatyf fan Pier Bergsma (gjin famylje). Wy ha in tige moaie en muzikale en noflike middei hân.
Ik sjoch no al út nei jo oprop foar oersettings nei it Frysk.
Bêste Tamme Bergsma, ik bin bliid dat jo jo skoan fermakke hawwe mei de kriich, en ik bin ek tige op ‘t skik mei Pier syn inisjatyf. Ik wiis der inkeld mar op dat it Frysk foar itsoarte aktiviteit dat jim beoefene hawwe, in apart wurd hat. Dat wurd is net oersette, mar ferfryskje. En dat binne no ienris twa ferskillende saken, dat kin ik net helpe.