Nije streekdichter moetet âld-streekdichter yn boekhannel Van der Velde

maart 24, 2023 08:29

Op snein 2 april trede de streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Pieter van der Zwaag, en Geart Tigchelaar tegearre op yn boekhannel Van der Velde te Dokkum. Sa kin elkenien yn ’e kunde komme mei Van der Zwaag en mei de bondel fan Tigchelaar.

Geart Tigchelaar en Pieter van der Zwaag (foto: Ydwine R. Scarse)

Op 26 jannewaris dit jier hat Pieter van de Zwaag it stokje oernommen fan âld-streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar. Van der Zwaag, oarspronklik út Eastrum, sil twa jier lang oan ’e slach as dichter fan ’e streek. Tigchelaar hat syn twa jier streekdichterskip bondele yn Oer de streek.

De twa dichters moetsje inoar yn boekhannel Van der Velde yn Dokkum op 2 april tusken 14.00 en 15.00 oere. Dan sille hja beide foardrage út eigen wurk. In moaie gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei Van der Zwaag as farsk oanstelde streekdichter en om in sinjearre eksimplaar fan Oer de streek fan Tigchelaar te bemachtigjen.

Plak: Boekhannel Van der Velde Dokkum;
Datum en tiid: snein 2 april tusken 14.00 en 15.00 oere.

maart 24, 2023 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.