Nij ynsjoch yn fynst prehistoaryske bear

maart 7, 2023 08:31

Undersikers tochten yn 2020 mei de oerbliuwsels fan in prehistoaryske hoalebear noch in fynst fan wrâldbelang yn hannen te hawwen. Mar nij ûndersyk toant oan dat de fynst in stik minder spektakulêr is: de mummifisearre bear blykt folle koarter lyn deagien te wêzen as yn earste ynstânsje tocht waard en is ek noch fan in oare bearesoarte.

Foto: pixabay.com

De resten fan de bear waarden yn it Russyske poalgebiet troch rindierjagers fûn. De bear wie in wyfke fan likernôch 1,6 meter lang en woech sa’n 78 kilo. Neffens rûzing wie de bear twa oant trije jier âld doe’t dy deagie. De fynst wie bysûnder, mei’t it bonkerak en weefsel noch folslein yntakt wie. Alle organen sieten noch op harren plak en yn de mage fan de bear waarden planten en fûgels fûn, dêr’t guon fearen noch hieltyd fan yn de bûk sieten.

Koartlyn ferrjochten de wittenskippers in folsleine nekropsy – in lykskôging by in bist – om mear ynformaasje oer it bist te krijen. Dêr die út bliken dat it bonkerak ‘mar’ sa’n 3.400 jier âld is en net op syn minst 22.000 jier, sa’t de ûndersikers yn earste ynstânsje tochten. It gie ek net om in útstoarne hoalebear, mar om in brune bear. Wol bliuwt it neffens de wittenskippers in “unike fynst”, mei’t karkassen komselden sa goed en folslein yntakt bliuwe.

maart 7, 2023 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.