Nij byld ûntdutsen op Peaske-eilân
Resint ferskynd
Peaske-eilân – ek wol Rapa Nui neamd, dat Grutte Rots betsjut – hat der in ‘nij’ byld by. Yn in opdrûge lagune op it eilân waard dat eksimplaar fan de stiennen bylden mei de karakteristike grutte hollen fûn. De lagune sit yn de krater fan in fulkaan. It byld is 1,60 meter heech, in stik lytser as syn soartgenoaten.

Foto: Wikipedia/American – CC BY-SA 3.0
Peaske-eilân leit op goed 3500 kilometer fan de kust fan Sily, en hat sa’n 8000 ynwenners. In ploech fan trije Sileenske ûndersikers die ôfrûne moanne ûndersyk nei de krater en ûntduts it byld op in ûngewoan plak. De measte bylden waarden oan ’e râne fan de mar Rano Raraku fûn. Diskear waard it op ’e boaiem fûn. De lagune leit al sûnt 2018 hast drûch, en dêrtroch koe it byld bleatlein wurde.
It byld dat no ûntdutsen is, is in wolkomme tafoeging oan de kolleksje fan tûzen fan dy bylden. Yn it Polynezysk hjitte se moais (sprek út as moʋɑjs). Se binne in earbetoan oan de foarâlden fan it Polynezyske folk dat op it eilân libbet. Yn dy kultuer is it ferearjen fan foarâlden in wichtige tradysje. It grutste eksimplaar is tsien meter heech en waacht 90.000 kilo. In stikmannich rekke ferline jier skansearre by in brân dy’t nei alle gedachten oanstutsen waard. De moais waarden tusken de 13e en 18e iuw út fulkanysk stientme makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje