Nei earste omgong yn finale grutmastersgroep twa koprinners by Fryslân Iepen

maart 4, 2023 09:25

Nei de earste omgong yn ’e finale fan de grutmastersgroep binne der twa koprinners. Yn ’e finale wûn Henk Haanstra ferrassend fan Jelle Wiersma. Yn in fiif-om-fiif koe Wiersma in trochbraak op syn rjochterwjuk net tefoaren komme. Yn in tinne stân wûn Marten Walinga fan Folkert Groenveld.

Foto: Stifting WFD

De earste fjouwer fan de foaromlopen yn it Fryslân Iepen damtoernoai 2023 hiene har fuortdaliks kwalifisearre foar it Grutmastertoernoai. Folkert Groenveld en Jelle Wiersma behellen it earste plak mei 6,5 punten. Marten Walinga en Henk Haanstra einigen op in dield tredde plak mei seis punten. Op it fiifde plak einigen seis spilers mei fiif punten: Cor Kooistra, Tsjerk Wijbenga, Aleksej Domchef, Jouke Algra, Dicky van der Meer en Hein de Vries. Der wiene mar fjouwer plakken foar de mastergroep, sadat der noch in barraazje holden wurde moast. Cor Kooistra luts him werom, sadat fiif spilers in barraazje om de fjouwer plakken yn ’e mastergroep spilen. De iennige oerbleaune bûtenlanner yn it toernoai, Alexej Domchef út Litouwen einige as lêste yn ’e barraazje en pleatste him sa as iennige net foar de finale.

Yn de sânde omgong wie de partij tusken Jelle Wiersma en Marten Walinga in wiere wyldwestpartij. Yn neilbitende tiidneed waard troch beide spilers de winst in kearmannich mist. Remize wie dan ek de terjochte útslach. Yn ’e achtste omloop pleatsten beide har ienfâldich foar de finale mei oertsjûgjende winsten. De Tsjechyske Petra Duskova pleatste har krekt net foar de mastergroep. Hja seach in winst yn har partij tsjin Jouke Algra oer de holle en ferlear. Der foelen in protte beslissingen yn de foaromgong. It remizepersintaazje oer it hiele toernoai wie mar 8,9%. De foarige kear, yn 2020, wie it 18,3%, goed it dûbele. In signifikant ferskil.

Krekt as trije jier lyn, doe’t it lêste Fryslân Iepen spile waard, waard de earste omgong fan it grutmaster- en mastertoernoai yn it moaie Planetarium fan Eise Eisinga holden. Adrie van Warmenhoven, direkteur fan it Planetarium, joech útlis oer it Planetarium foardat de omgong dêr begûn. “Der is gjin boutekening; foar safier’t wy witte hat Eisinga de hiele konstruksje al dwaande útdoktere.” It resultaat is op de soudering boppe de efterkeamer fan de famylje Eisinga te sjen: in grimelgrammel fan slingers, lizzende kamrêden, assen dy’t fia oerbrêgingen noch lytsere askes oandriuwe, kabeltjes.” De oerbleaune acht spilers lieten har troch de omjouwing ynspirearje en spilen fjouwer bysûnder kreative partijen.

Foto: Stifting WFD

De omgongen twa en trije wurde sneon yn it yn 1594 oplevere stedhûs fan Frjentsjer holden.

Omgong 7

Cor Kooistra – Folkert Groenveld  0-1
Jelle Wiersma – Marten Walinga   0,5-0,5
Henk Haanstra – Hein de Vries  1-0
Dicky van der Meer – Taeke Kooistra  1-0
Aleksej Domchef – Tsjerk Wijbenga  0,5-0,5
Petra Duskova  – Auke Zijlstra  1-0
Willem Dijkstra – Ties Slagter  0-1
Rein Jan Walinga – Jouke Algra  0-1
Darya Tkachenko – Renaud Braye  1-0
Bauke Dijkstra – Frans Kingma  1-0
Fedde Wiersma  – Jean Marc Ndjofang  0-1
Piet Sikma – Porter Richardson  0-1
Leo van Dorp – Sjoerd Couperus  0-1
Herbert Tulleken – Patrick Casaril  0-1

Omgong 8

Folkert Groenveld – Henk Haanstra  0,5-0,5
Dicky van der Meer  – Jelle Wiersma  0-1
Tsjerk Wijbenga – Cor Kooistra  1-0
Marten Walinga – Taeke Kooistra  1-0
Jouke Algra – Petra Duskova  1-0
Ties Slagter – Aleksej Domchef  0-1
Hein de Vries – Bauke Dijkstra  1-0
Sjoerd Couperus  – Darya Tkatchenko  0,5-0,5
Jean Marc Ndjofang – Willem Dijkstra  1-0
Auke Zijlstra – Rein Jan Walinga  1-0
Frans Kingma – Porter Richardson  1-0
Renaud Braye – Piet Sikma  1-0
Patric Casaril – Fedde Wiersma  0-1
Leo van Dorp  – Herbert Tulleken  0-1

Einstân kwalifikaasje Grutmaster- en Mastertoernoai

1  Folkert Groenveld  Fin86116.54031
2  Jelle Wiersma  Fin86116.54030
3  Marten Walinga  Fin852164130
4  Henk Haanstra  Fin852163726
5  Cor Kooistra  Fin850354224
6  Tsjerk Wijbenga  Fin842253620
7  Aleksej DomchevGMI 2317  Fin842253619
8  Jouke Algra  Fin850353418
9  Dicky van der Meer  Fin842253319
10  Hein de Vries  Fin850353014
11  Petra Duskova 2069  Fin84134.53618
12  Taeke Kooistra  Fin840443814
13  Ties Slagter 1942  Fin832343615
14  Darya TkachenkoGMIF 2205  Fin832343315
15  Auke Zijlstra 2024  Fin840443213
16  Jean Marc NdjofangGMI 2333  Fin84044228
17  Bauke Dijkstra  Fin83143.53413
18  Frans Kingma  Fin83143.53312
19  Sjoerd Couperus  Fin83143.5278
20  Renaud Braye  Fin83143.5246
21  Willem Dijkstra  Fin830533210
22  Rein Jan Walinga  Fin8305

It toernoai is streekrjocht te folgjen fia: www.frisiandraughts.com/spagina/67/L/live.html.

maart 4, 2023 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.