Natura 2000-behearsplan foar Fryske Marregebiet leit op besjen
Resint ferskynd
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
Der is in nij Natura 2000-behearsplan foar it Fryske Marregebiet makke. Under it Fryske Marregebiet falle de Natura 2000-gebieten it Snitsermargebiet, de Aldegeaster Brekken, de Fluezen en omkriten en de Wite en Swarte Brekken. Fan 17 maart oant 1 maaie 2023 leit it ûntwerp-behearsplan op besjen.

Foto: Provinsje Fryslân
Krekt as yn it hjoeddeiske plan, bliuwt de ûntwikkeling fan sompe, wiete gerslannen en wetterfegetaasjes lykas de ielstikel sintraal stean. Dat draacht by oan genôch geskikt libbensgebiet foar bygelyks de kwetsbere marflearmûs en de Noardske wrotmûs, mar ek foar fûgels lykas de hoants en it bûnte reidhintsje. De Fryske Marren binne ek in wichtich rêstgebiet foar oerwinterjende fûgels lykas de smjunt en de lytse seachbek. Underdiel fan it plan binne ek oanfoljende ûndersiken om de knyppunten en kânsen foar it behâld fan ferskate Natura 2000-soarten better yn byld te bringen.
It hjoeddeistige behearsplan rint noch oant 1 july 2023. Dêrom is de ôfrûne tiid mei terreinbehearders, wetterskip, agrariërs, rekreaasje en belanghawwenden oan in nij plan wurke. Yn sa’n behearsplan stiet hoe’t de bysûndere soarten yn de gebieten beskerme en fersterke wurde moatte. De provinsje is dêr ferantwurdlik foar. It nije plan is foar de jierren 2023 oant en mei 2029. It is beskiedend foar de fierdere ynrjochting, it brûken en behear fan de gebieten.
Feibeslút: stikstofgefoelige natuer
Yn novimber 2022 hat de minister fan Stikstof en Natuer it Wizigingsbeslút habitatrjochtlyngebieten fanwegen oanwêzige wearden (it saneamde Veegbesluit) fêststeld. Yn de Aldegeaster Brekken binne troch dy wiziging ekstra habitats en soarten troch it Ryk oanwiisd dêr’t guon stikstofgefoelich fan binne. Dy oanfoljende doelen binne noch net yn it ûntwerp-behearsplan opnommen. De provinsje is tsjin dat beslút yn berop gien. De kommende trije jier sil al wol sjoen wurde hokker oanfoljende maatregels oft foar de nij oanwiisde soarten nedich binne. De maatregels wurde dan oan it nije plan taheakke.
Reaksje yntsjinje
It ûntwerp-behearsplan leit foar in perioade fan seis wiken – fan 17 maart oant 1 maaie 2023 – op besjen. Yn dy perioade is it ek mooglik om in sjenswize yn te tsjinjen op it plan. It ûntwerp-behearsplan, ynformaasje oer it yntsjinjen fan in sjenswize en ynformaasje oer it Veegbesluit en de effekten dêrfan, binne te finen op www.fryslan.frl/natura2000.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje