Nationaal Groeifonds draacht by oan ynnovaasje Fryske feangreideprogramma

maart 27, 2023 11:36

Yn it lanlik kennisprogramma NL2120 is 12,5 miljoen euro reservearre foar in ynnovaasjeboerebedriuw yn de Hegewarren en foar it koöperatyf feangreidebûten it ‘Akkrumer Goedland’. It binne beide ynnovaasjeprojekten út it Fryske feangreideprogramma 2021-2030. Ynwenners, ûndernimmers, organisaasjes en oerheden ûntwikkelje dêr mei-inoar nije fertsjinnersmodellen yn foar it buorkjen yn harmony mei natuer en klimaat. It jild komt út it Nationaal Groeifonds.

Yllustraasje © Akkrumer Goedland

Yn beide projekten wurde nije en rendabele foarmen fan buorkjen by heger grûnwetter ûndersocht. Polder de Hegewarren is it earste feangebiet dêr’t mei de grûneigeners ôfspraken oer in oare ynrjochting fan it gebiet makke binne. Dêrtroch is der romte foar eksperiminten. It Akkrumer Goedland is in koöperaasje dêr’t ûndernimmers en bewenners yn leare hoe’t se kollektyf op in nije wize yn harmony mei natuer en klimaat buorkje kinne. It wittenskiplik kennisprogramma NL2021 folget beide projekten.

Yn dat programma is it begûn om oplossingen dy’t by it natuerlike karakter fan it wetter- en boaiemsysteem oanslute. Mei praktykproeven wurdt by feangebieten en by deltastêden ûndersocht hoe’t kusten en delta’s tsjin oerstreamingen yn harmony mei it lânskip te beskermjen binne. Omdat dy swierrichheden oeral yn de wrâld spylje, jout it ûndersyk de grutste kâns op eksport fan kennis en bedriuwichheid. It ûntwikkeljen fan nije Nederlânske fertsjinnersmodellen is in belangryk doel fan it Nationaal Groeifonds.

maart 27, 2023 11:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.