Nanne Hoekstra: Stim net op de BBB
Resint ferskynd
De lânbou preste it kabinet om ôf te sjen fan wichtige maatregels foar it grûnwetter. Dêr docht mar wer út bliken dat it ôfweven mei de oantaasting fan ús natuerlike helpboarnen mei it nasjonale regear noch hieltyd gjin tinken is. Namste wichtiger binne de kommende ferkiezingen.
Iuwenlang stimde Nederlân it grûnwetterpeil en de wetterynfrastruktuer ôf op de lânbou, de yndustry en de wentebou. Mar dat kin net mear lije, mei safolle minsken en yn tiden fan klimaatferoaring. “We rinne tsjin de grinzen fan it wetter- en boaiemsysteem oan”, skreau minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat ein ferline jier oan de Keamer. Saakkundigen wiene optein. Lang om let sil neffens de draachkrêft fan de fysike omjouwing kediisd wurde wat wol of net kin.
‘Water en bodem sturend’ hjit it brief fan Harbers oan de Twadde Keamer. Mar men kin jin ôffreegje wa’t no krekt oan it stjoer sit. Want it ryksregear liket it stjoer al wer los litten te hawwen foar’t de inket fan it brief drûch wie. Sels foar’t alles goed en wol op papier stie, sa die ferline wiken bliken út it buorkundich meitsjen fan eardere foarriedige ferzjes fan it Keamerbrief troch it Platfoarm foar ûndersykssjoernalistyk Investico. Dêr stie neffens deiblêd Trouw yn dat it ûntlûken fan grûnwetter skielk net mear tastien is yn de omkriten fan natuergebieten en dat dêr yn oare geaen tenei altyd in fergunning foar nedich wêze sil. Mar ûnder druk fan it Ministearje fan Lânbou en de lân- en túnbou-organisaasje LTO binne dy maatregels skrast. Wylst dy no just tige fertuten dwaan kinnen hiene om foar te kommen dat bygelyks de natuer ferdrûget – mar lânbougrûn allyksa – en feanboaiems ynklinke. Dêrmei binne oerheden wer foarname stjoermooglikheden út hannen slein.
Ut dy gong fan saken docht bliken dat noch hieltyd krêften oan it stjoer hingje dy’t belangen koartby behertigje. Sa komt der dus foarearst noch wer gjin oplossing foar alle miljeuproblemen dy’t al in skoft oanboazje, lykas:
- Fertoarkjen fan de natuer
- en dêrtroch ôftakjen fan de soarterykdom
- Mar likegoed fan boulân
- mei dêrtroch mindere rispingen
- Sakjende feanboaiems en dêrtroch
- fundearringsskea,
- wetteroerlêst yn wiete riten,
- sâlte kwel by drûchte,
- it troch it algeduerigen mar mear meallen yn de hieltyd djippere feanpolders, fuortlûken fan grûnwetter ûnder de hegere sângrûnen wei dy’t sadwaande ferdrûgje
- miskien yn de takomst wol wer in nije Middelsee.
Dy swierrichheden binne der allegearre al lang en se skreauwe om in oplossing. Mar de roppers en razers fan bygelyks de nije boerepartij lykje noch folle hurder te âljen. Woene de âlde konservative politike partijen lykas VVD en CDA de grinspeallen fan de groei, al mear as fyftich jier lyn sinjalearre troch de Klup fan Rome, net stean sjen, doe’t we se desenniums lyn foarby raasden, de BBB sjocht noch hieltyd de oare kant út: dy fan it ekonomysk gewin op de koarte termyn. It geasear (of de lânskipspine) fan in pear jier lyn wurdt stilswijd en it stikstofprobleem is foar dy nije konservative partij noch hieltyd in juridysk-administrative kwestje dêr’t er him mei wat kreative trúks fannijs foarwei wine wol.
It is om jin te besauwen dat sa’n partij neffens de peilings yn bygelyks Fryslân de grutste driget te wurden by de oankommende ferkiezingen. Want as it ryksbewâld yn dit stik fan saken it stjoer út hannen jout, dan binne it de provinsjes en út soarte de wetterskippen dy’t der efter krûpe kinne en moatte. As de BBB yndied de grutste wurdt, wankt it gefaar dat de legere bestjoerslagen it stjoer op it mêd fan de draachkrêft fan ús natuerlike helpboarnen likemin pakke of wer de ferkearde ôfslach nimme en it maaiem yn karkje. Dat, minsken, wy moatte wier tefoaren komme dat we ús stikje ierde noch wer fierder nei gychem helpe. Help dêrom om it stjoer om te goaien en stim op in partij dy’t regaad hâldt yn de oantaasting fan ús libbensmiljeu. Dat is by einbeslút better foar ús allegearre, ynklusyf de boeren. Stim dus perfoarst nét op de BBB!
En ek net op de Fascisten foar Diktatuur
In goed stik fan Nanne. We sille allegear, alle sektoaren yn de maatskippij, bydrage moatte oan in takomst dêr’t ek de generaasjes nei ús in goed libben yn hawwe kinne, Dat kin allinnich as we no yngripe mei maatregels dy’t al fierste lang útsteld binne. Gelokkich binne der genôch boeren en boargers dy’t de urginsje dêrfan wól sjogge en it algemien belang foarop stelle. Sy sille net op de BBB stimme.
Krekt as soe troch in stim op BBB de wraks fergean Sa’t no liket is BBB in partij fan en foar gewoane minsken die midden yn it libben stean. Dat is by de âlde garde fier te sykjen. Ik stim BBB!
Wat in oar stimt moat in oar witte, dat is no krekt it moaie yn in frij lân mei stimrocht, mar myn stim giet nei in partij dy’t mooglik in ferskil meitsje kin yn de earste keamer. En dan helpt it net om jo stim út te bringen op in partij dy’t dêr al sit mar neat docht tsjin idioate wetjouwing; [beskerme dassen, in heale bunder feanmos dy’t saken op slot set en wêr’t sels it Fryske Gea him net yn fine kin, en mear fan ditsoarte idioate wetten dy’t út Den Haag/de rânestêd komme], of op in partij dy’t dêr nei alle gedachten neat te sizzen krijt. Om ús doarpsfeesten mei fersierde weinen te behâlden is it net ferkeard om gearwurkje te kinnen mei de minsken fan bygelyks de Zwarte cross en/of it Bloemencorso.
Soks jildt fansels ek foar de beskerming fan de Wolf, elke nochtere Fries is tsjin dat bist/sjocht wol yn dat dat bist hjir net mear past, koal en geit sparje koe net en sil noch altyd net slagje.
En dat guon dan sizze dat wy yn Fryslân dêr it foech net oer ha mei sa wêze, mar om dêr dan mar yn te berêsten en op foarhân al omlizzen te gean foar sokke idioaterij, tsjûget net fan Frysk wêzen. Of wie ”De kop derfoar”, ”De bealch derop” en ”Oanhâlde as storein” eat fan ús foarâlden?
Elk moat sels witte wêr at je op stimme.
Neffens my heard in side as It Nijs him polityk neutraal te hâlden.
Ik fyn it spitich dat der dan in artikel setten wurd wêr yn at oproppen wurd om op ien spesifike partij net te stimmen.
Bêste JH, Hoe komme jo der by om my lyk te slaan mei It Nijs? It stik stiet ûnder Opiny mei (yn tsjinstelling ta jo reaksje) myn namme der dúdlik by. It is dus myn persoanlike miening. Dy’t ik, tinkt my, lykwols goed ûnderboud haw. Ik haw gelokkich yn dit lân it rjocht dy te uterjen en yn in foarm dy’t ik sels kies; yn dit gefal dus fan in negatyf stimadvys. Folle fertuten hat it oars net dien (net dat ik dy yllúzje hie, fansels). Yn alle gefallen kinne we no wol sjen oft myn foarsizzingen út komme. En ik kin it mei jo lykfine dat It Nijs it nijs polityk neutraal bringe moat.
Goeiemidje Nanne Hoekstra, dêr moat ik jo gelyk yn jaan. Miskyn wie ik wat te koart troch de bocht.
Nanne, tige by tige! Wa’t net sjocht dat de natoer hiel hurd efterút kachelt, is oan ‘e brille ta. Foar de natoer moat der no trochdondere wurde.
Wat ik goed fyn oan de BBB, is dat it net giet om it ferhearlikjen fan persoanen. Fortuyn, Eerdmans, Wilders, Baudet en nei safolle debâkles ek Rutte binne foar my allegearre fan dy snoeshoannen!
As wy nei de útslaggen sjogge dan is benammen rjochts op ‘e nij ferdield. Fansels is der yn ús demokratysk spektrum romte foar in konservative streaming. Miskien wie it wol tiid foar in ‘gewoane’ partij. De tiid sil it leare.