Mooglik lêste natuersearje fan David Attenborough (96) leit gefoelich
Resint ferskynd
Sa’n 69 jier nei syn earste telefyzjeoptreden wie sneintejûn wer de stim fan Sir David Attenborough te hearren op BBC One. Wild Isles giet oer de Britske eilannen en is nei alle gedachten de lêste natuersearje op lokaasje foar de 96-jierrige biolooch. It mooglike slotstik fan syn ymposante telefyzjekarriêre leit polityk gefoelich.

David Attenborough (foto: Wikipedia/John Cairns-The Bodleian Libraries – CC BY 4.0)
De dokumintêrerige giet nammentlik net allinnich oer de natuerskjintme fan it Feriene Keninkryk. Klimaatferoaring, ûntbosking en it hurd tebekrinnen fan it bioferskaat komme ek oan bod. De searje is foar in part troch in stikmannich natuerbeskermingsorganisaasjes finansiere. Yntern is by de BBC diskusje oer hoe winsklik oft dat is, berjochtet de konservative krante The Telegraph ferline wike. Neffens de progressive krante The Guardian hat de publike omrop ‘út freze foar rjochtse krityk’ besletten om in ôflevering út Wild Isles net op telefyzje út te stjoeren. De BBC sprekt dat tsjin. It wie altyd al de bedoeling dat dy lossteande ôflevering allinnich digitaal útkaam, lit de direksje witte.
Polarisaasje oangeande natuer- en miljeufraachstikken moat troch de jonge Attenborough eartiids ûntinkber west hawwe. “Wêr’t ik ek hinne gie, der wie wyldernis”, sa sjocht er yn A Life on Our Planet út 2020 werom op syn begjindagen as natuerfilmmakker. Begjin fyftiger jierren stie it sjenre noch yn ’e berneskuon. “It wie behoarlik maklik: minsken hiene noch nea gurdledieren of loaikerts op telefyzje sjoen.” Attenborough fûn dat de bêste tiid fan syn libben. Hy reizge de wrâld om en stie each yn each mei de meast kwetsbere bisten.
Aktivisme
Ynearsten wie de presintator net aktivistysk ynsteld. Hy woe foaral sjen litte hoe moai oft alle planten en bisten binne, in ynstelling dêr’t ek krityk op wie út de ekologyske beweging wei. “Ik hie net ferwachte dat it serieus ferkeard gean soe oant likernôch in desennium lyn”, sei Attenborough yn in fraachpetear mei Nieuwsuur in jiermannich lyn. Sûnt is er fjurrich pleitbesoarger fan it opbetterjen fan it bioferskaat en it oanpakken fan de opwaarming fan de ierde. Attenborough hold dêr yn 2020 in taspraak oer op de klimaattop COP26 yn Glasgow. “Yn myn libben haw ik in ferskriklike tebekgong fan de natuer meimakke”, sei er tsjin de wrâldlieders yn ’e seal.

Seepappegaai (foto: Wikipedia/Richard Bartz – CC BY-SA 3.0)
No spekulearje Britske media deroer dat Attenborough wierskynlik syn lêste dokumintêre op lokaasje makke hat. It is net dúdlik wêr’t dat krekt op basearre is, mar sjoen syn hege âldens wurdt reizgjen wol hieltyd dreger. As it yndied de lêste is, dan slút de presintator ôf mei in primeur. Nea earder hat er ‘thús’ in dokumintêre opnommen. Hy sil op en om de Britske en Ierske eilannen ûnder mear seepappegaaien, stienearnen en orka’s sjen litte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje