Mei it FYK nei Eastenryk foar in evenemint foar jongelju fan Europeeske taalminderheden
Resint ferskynd
In moaie kâns foar jongelju (16-30 jier) om te reizgjen en fan oare Europeeske taalmienskippen te learen
Fan 31 maart oant 6/7 april kinne jongelju mei nei Oberwart/Borta, Eastenryk foar in evenemint foar minsken fan sechstjin oant tritich jier dy’t diel útmeitsje fan Europeeske taalminderheden. Dan is der it Peaskekongres, organisearre troch YEN en “Hrvatski akademski klub” (HAK), de jongereinferiening foar Burgenlandkroäten yn Eastenryk.

Foto: pixabay.com
Aktiviteiten
De stêd is it thúsplak fan trije minderheden: de Burgenlandkroäten, de Hongaarske minderheid en de Roma-mienskip. Sadwaande hat it fjouwer nammen: Oberwart, Borta, Felsőőr en Erba. Op ekskurzje sille dielnimmers mear oer de Burgenlandkroäten leare. Yn de wike sille se foaral dwaande wêze mei it wurkatlier, dêr’t se diskusjearje sille oer tradysjes en wat it betsjut om jin part fan in taalminderheidsmienskip te fielen.
Op 6 april wurdt de algemiene ledegearkomste (general assembly) fan it YEN holden. Minsken dy’t dêr net oan meidogge, reizgje op 6 april nei hûs ta.
Kosten & oanmelde
Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (mei ynbegryp fan akkommodaasje, programma en iten) is € 100,-. By it FYK kin men nei mooglikheden freegje om finansjele stipe foar de reis te krijen. Alle ynformaasje is op ’e webside te finen. Oanmelde kin fia it FYK oant 11 maart.
FYK & YEN
It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout de jongerein de mooglikheid om de grins oer te gean en jongelju fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa kinne se harren kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiel aardige, aventoerlike manier ferbreedzje. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden.
Fragen kinne oan de foarsitter steld wurde op foarsitter@fyk.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje