Mear as in oere yn it tsjuster

maart 25, 2023 11:46

It stuit dat de klokken ferskood wurde is foar it Wrâldnatuerfûns WNF altyd reden om omtinken te freegjen foar oanboazjende klimaatferoaring en it ferlies fan bioferskaat, Earth Hour. Minsken en organisaasjes wurdt frege om as sinjaal jûn tusken healwei njoggenen en healwei tsienen de ljochten út te dwaan.

© It Nijs

Mei dy Ierde Oere sette it WNF yn ‘e mande mei oare organisaasjes al yn 2007 útein yn Sydney yn Australië útein. It evenemint is sûnt, neffens eigen sizzen, útwoeksen ta de grutste wrâldwide beweging foar it miljeu fan ûnderen op. Dit jier wurde dielnimmers oanmoedige om fierder te gean as de wenstige ljocht-út-aksje.  It WNF trunet der by elkenien op oan om ek by te lêzen oer it ferlies fan soarterykdom, ris in skoft yn ‘e natuer rêst te sykjen, lânseigen beammen te plantsjen en wat der mar mear te betinken falt; folle net genôch om de Ierde Oere te fieren. 

“Al sechtsjin jier binne miljoenen minsken oer de hiele wrâld belutsen by de Ierde Oere mei in ienfâldige fraach om harren ljochten foar sechstich minuten út te skeakeljen, mar de betsjutting is safolle grutter wurden”, ornearret Chris Conner, adjunkt-haad media en eksterne saken fan it WNF. “De natuer hat ús nedich. Minsken hawwe ús nedich. Us klimaat hat ús nedich. De Ierde Oere is in kâns foar ús allegearre om byinoar te kommen, om alles te fieren dat ús planeet ús leveret, mar benammen om dat te beskermjen.”

Sjoch foar mear ynformaasje op de siden fan it WNF, bygelyks de ynternasjonale of de Nederlânske.

maart 25, 2023 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.