Matthijs Verkuijl: Koroana

maart 24, 2023 07:00

Skôging

Lang om let liket it derop dat de oarsaak fan de pandemy mei it koroanafirus dúdlik is en yn 2019 dochs wol fan de farskmerk yn Wûhan yn Sina kaam. Fan it begjin ôf oan wie der in fertinking dat de flearmûs in wichtige rol spile hie yn dat drama, mar no docht bliken dat it earst nei de waskbearhûn oerbrocht is en pas dêrnei nei de minske.

Alhoewol’t it foar mannichien by it besjen fan de bylden fan de Wûhanmerk, krekt nommen foar it útbrekken yn  desimber 2019, tige dúdlik wie, is no pas nei safolle jierren it genetysk bewiis levere. Soks tegearre mei it feit dat dêr alderhande bisten ferhannele waarden mei ûnder mear de flearmûs en de waskbearhûn.

Waskbearhûn yn fokkerij. Boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 3.0

Nei alle gedachten spilet in rol dat doedestiids in soad bisten yllegaal ferkocht waarden en dat de Sineeske oerheid en de eigen wittenskipslju dat altyd ûntstriden hawwe. No’t lykwols it genetysk materiaal mei DNA fan de waskbear fûn is yn de oarspronklike meunsters dy’t yn it begjin ôfnommen binne op ûnderskate plakken op de merk lykas koaien, snijplanken en masines, en dat mei de oanwêzigens fan it sars-cov-2-firus yn deselde meunsters, makket de hypoteze nei alle gedachten slutend.

In ûndersyksteam út Kanada is der sels wis fan hokker kream, nammentlik nû. 29, de beslissende rol spile hat. Se tinke dat de oerdracht fan it firus fan de flearmûs nei de hûn al earder bard is, en wol yn de natuerlike omjouwing en net op de merk sels, alhoewol’t de bylden wol migende flearmûzen sjen litte mei dêrûnder alderhande oare bisten.

Uteinlik sil der altyd wol in oerdracht fan firussen of parasitêre sykten fan bisten nei de minske bliuwe. Eins is dat net ûngewoan, mar lit ús hoopje dat ús yn de takomst in pandemy besparre bliuwt.

 

maart 24, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.