LTO Noard: Kom oansteande ‘folboukrisis’ foar

maart 6, 2023 09:29

Nederlân bout folop yn lânbou- en natuergebieten. Yn Europeesk perspektyf docht Nederlân dat, op Syprus nei, sels it meast. Tagelyk wol de Europeeske Kommisje dat lannen dêrmei ophâlde. Yn 2050 kin dat sels wolris ferbean wurde. Nederlân hâldt dêr noch gjin rekken mei. Der wurdt sels praat oer noch minder lânbougrûn. LTO Noard warskôget foar in oansteande ‘folboukrisis’.

Foto: LTO Noard

“As wy sa trochgeane belânje wy wer yn de folgjende krisis. Wy moatte dêrom kieze. Yn watfoar lân wolle wy wenje? Wolle wy rêstich troch griene greiden kuierje kinne? Of wolle wy dat hiel Nederlân ien grutte folboude stêd wurdt? It is no de tiid om te kiezen. Foar’t it te let is”, seit LTO Noard-foarsitter Dirk Bruins.

‘No net land take’
It kommende jier komt de Europeeske Kommisje mei in útstel foar in Boaiemsûnenswet. Om’t folbouw ynfloed op de boaiemkwaliteit hat, sil dat útstel nei alle gedachten it doel ‘no net land take by 2050’ befetsje. Dat hâldt yn dat mei yngong fan 2050 ferstêdliking net mear op kosten fan lânbou en natuer gean mei. Foar Nederlân is dat in grutte útdaging. De ôfrûne tweintich jier wie Nederlân al ien fan de Europeeske koprinners yn it opofferjen fan lânbougrûn en natuer foar stedsgebiet. “Wy moatte no net tinke, dit binne plannen foar yn ’e takomst en it sil wol tafalle. Dy flater kinne wy net wer mei-inoar meitsje”, seit Dirk Bruins.

Fiktive foto ûntwurpen mei keunstmjittige yntelliginsje (boarne: LTO Noard)

Steateferkiezingen
De lân- en túnbou spylje in grutte rol by de oankommende Steateferkiezingen. Dêrby giet it petear faak oer stikstof. Tagelyk makket stikstof ûnderdiel fan it gruttere Provinsjaal Programma Lanlik Gebiet út. Dêryn giet it petear noch te min oer de bredere ynfolling fan it lanlik gebiet.

“De ferkiezingen binne tige beskiedend. Foar de lân- en túnbou, foar it lanlik gebiet en dêrmei foar hiel Nederlân. Provinsjes sille yn ferskate programma’s bepale hoe’t de lanlike gebieten derút sjen sille. Wy as LTO Noard wolle fansels dat de lânbou yn dy gebieten behâlden bliuwt. En roppe minsken op om op partijen te stimmen dy’t dat ek wolle en realistyske plannen hawwe om dat wier te meitsjen”, seit Dirk Bruins.

maart 6, 2023 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.