Lêzing Jaffe Vink yn Frysk Lânboumuseum op snein 19 maart

maart 4, 2023 08:33

Jaffe Vink jout op snein 19 maart in lêzing oer ‘De útfining fan patatfryt en oare wichtige útfiningen op it mêd fan lânbou en fiedselfoarsjenning’. Hy docht dat yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert.

Prototype fan de earste melkrobot (boarne: Frysk Lânboumuseum)

Fan de yn it ferline jier ferskynde boek De uitvinding van patatfriet en 49 andere uitvindingen die ons leven hebben veranderd beskreaune útfiningen, steane der twa yn de fêste opstelling fan it Frysk Lânboumuseum. It giet om de arendploech en it prototype fan de earste melkrobot út Oentsjerk. Fierder komme der yn de lêzing ûnder oare oan ’e oarder: it bôlefabryk, it kofjefilterpûdsje, de sûkeladereep, de nôtsûger, de trekker, de kombine, de ierappel en de magnetron.

Jaffe Vink (Scheemda, 1951) is filosoof en publisist. Hy wurke lang foar it deiblêd Trouw. Yn 2014 skreau er it boek Wie is er bang voor de vooruitgang?

De lêzing wurdt mei organisearre ta gelegenheid fan de Nasjonale Boekewike.

Lêzing Jaffe Vink yn it Frysk Lânboumuseum
Snein 19 maart, 14.00 oere;
Plak: Frysk Lânboumuseum, Felling 6, Ljouwert
Yntree: € 8, reservearje fia www.frieslandbouwmuseum.nl.

maart 4, 2023 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.