Lêste oerlibjende fan fersetsgroep Weiße Rose ferstoarn
Resint ferskynd
De lêste oerlibjende fan de Dútske fersetsgroep Weiße Rose is ferstoarn. De beweging wie de bekendste groep fan fersetsstriders yn nazy-Dútslân. Frou Traute Lafrenz wie 103 jier âld.

Traute Lafrenz yn likernôch 1943 (foto: Wikimedia Commons – publyk domein)
Traute Lafrenz, in studinte út Hamburch, wie befreone mei de lieders fan de Weiße Rose, Hans en Sophie Scholl. De broer en suster waarden troch in nazy-rjochtbank ta de dea feroardiele foar it fersprieden fan struibrieven tsjin Adolf Hitler en op 22 febrewaris 1943 eksekutearre. Frou Lafrenz wie it dy’t it nijs oer de arrestaasje fan Hans en Sophie oan harren âlden fertelde. Mei harren giet se, net sûnder risiko, in deimannich nei it útfieren fan de deastraf, nei harren grêf ta.
Traute Lafrenz hie earder struibrieven fan München nei Hamburch brocht, sadat de fersetsgroepen yn beide stêden gearwurkje koene. Doe’t Hans en Sophie Scholl oppakt waarden, gie frou Lafrenz earst frijút, mar yn maart 1943 waard se dochs noch oppakt troch de Gestapo. Troch har rol te bemanteljen ûntrûn se de eksekúsje en waard se frijlitten. Koart dêrnei waard se opnij arrestearre yn Hamburch. Hja ferbleau yn fjouwer finzenissen oant Amerikaanske soldaten har yn april 1945 yn Bayreuth befrijden.
Nei de oarloch gie frou Lafrenz nei de Feriene Steaten foar in stúdzje genêskunde. Hja boaske, krige fjouwer bern en wurke yn sikehuzen en ynstellingen yn Kalifornië. It duorre oant har hûndertste jierdei foar’t se fan de Dútske presidint Steinmeier it Verdienstkreuz Eerste Klasse krige foar har fersetswurk. Oer har rol yn it ferset bleau frou Lafrenz sels beskieden: “As men nei it lot fan oaren sjocht, dan is kleie net oan ’e oarder.”
De Dútske presidint Steinmeier hat de famylje fan frou Lafrenz kondolearre. Hy omskreau har dêrby as in “geweldige en ûnmjitlik moedige frou.” De famylje hat bekend makke dat frou Lafrenz op 6 maart yn South Carolina ferstoarn is.
Oer fersetsgroep Weiße Rose is yn 1952 in boek útkommen: Die Weiße Rose, skreaun troch Inge Scholl, de âldere suster fan Sophie Scholl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje