‘Lampje’ giet no ek as ‘Lampke’ troch it libben

maart 14, 2023 08:41

By útjouwerij Afûk is de Fryske oersetting fan Lampje, it populêre berneboek fan Annet Schaap, ferskynd. De bysûndere dochter fan de fjoertoerwachter hjit yn it Frysk Lampke. De Fryske oersetting fan it boek is makke troch Rymke Zijlstra.

Boarne: Afûk

“Mei Lampje hie ik der fuortendaliks in nij leaflingsboek by. It lêst as in modern en tagelyk tiidleas mearke.” – Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur

Lampje ferskynde yn 2017 en waard yn 2018 bekroand mei de Gouden Griffel, de Woutertje Pieterse Prijs en de Nienke van Hichtum-prijs. Maas Theater/Dans makke der in muzykteäterfoarstelling fan en by de VPRO ferskynde koartlyn noch de fjouwerdielige searje Lampje.

Ynhâld
It is in ferhaal oer de see. Oer heimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr’t se fan sizze dat der in meunster yn wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy’t alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet. Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst ea tocht hiest.

Boekgegevens
Lampke | Auteur: Annet Schaap | Oersetting: Rymke Zijlstra | Utfiering: ynbûn | ISBN: 978 949 3318021 | Tal siden: 328 | Ferkeappriis: € 19,99

maart 14, 2023 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.