Kursus Skriuwtechniken fan de Skriuwersfakskoalle

maart 9, 2023 10:13

Boarne Wikimedia Commons/Tetogo CC BY-SA 4.0

Foar wa’t graach mear en bettere ferhalen yn it Frysk skriuwe wol is in kursus fan de Skriuwersfakskoalle tige oan te rieden. Dy wurdt jûn yn gearwurking mei Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Skriuwersfakskoalle út Grins.

Fan 21 maart oant en mei 27 juny behannelet de dichter Arjan Hut yn Ljouwert op tiisdeitejûnen it earste lesblok: ûnderskate skriuwtechniken yn proaza en poëzy. De oandacht giet foaral út nei it sintúchlik meitsjen fan ferhalen en it wiidweidich beskriuwen fan minsken en situaasjes.

It nijsgjirrige is dat de opdrachten dy’t de kursisten meikrije útrinne yn folslein ferskillende ferhalen. Sadwaande dogge se nije ynsjoggen op dy’t ta feroaring fan de eigen gewoanten en oanwensten liede kin. It húswurk kostet wol wat tiid, mar úteinlik slagget it elkenien. Under de les kin elkenien syn of har stik foarlêze. Dêr skytskoarje yn it begjin guon kursisten tsjin oan, mar dat went geandewei en se leare in soad. Bygelyks dat in opdracht better rinne kin as er yn de notiid skreaun wurdt yn stee fan yn de doetiid. Fierder: hoe praat ik oer proaza? Wat is it ferskil tusken fernuvering en ferwûndering?

Nei it earste lesblok, skriuwtechniken, folgje der noch twa mei in heger nivo. Dy begjinne yn septimber.

Ik bring dizze kursus graach ûnder de oandacht fan de lêzers, omdat ik tink dat it in bysûndere wize is om mear oer taal te witten te kommen.

It lesjild bedraacht 480 euro foar tolve lessen fan trije oeren.
Ynformaasje oer de kursussen yn 2023 en 2023/2024 kin fia kantoor@svsgroningen.nl ynwûn wurde. Oanmelde kin fia www.skriuwersfakskoalle.frl of telefoanysk (06-14771011).

Matthijs Verkuijl

maart 9, 2023 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.