Jubileumfeestje foar fonteinen
Resint ferskynd
Op snein 19 maart is it Kletterdei: de dei dat de alve fonteinen yn de alve Fryske stêden wer oan geane nei in moannenlange wintersliep. Dit jier wurdt de feestlike dei, organisearre troch Merk Fryslân, yn Frjentsjer holden. De jûns foar Kletterdei is yn Boalsert in Kletterdeikonsert en it hiele jier binne der yn de provinsje ferskate aktiviteiten, want de fonteinen fiere dit jier harren fiifde jierdei. En omdat by in jierdei taart heart, binne de 11Fountains-oranjekoeken fan it Kletterdeiwykein ôf wer troch de hiele provinsje te krijen.

Foto: © Heleen Haijtema en Tryntsje Nauta
Fiif jier lyn krigen alve skulptueren fan ynternasjonale keunstners harren libbensgrutte foarm yn de Fryske stêden, mei’t Ljouwert ta Kulturele Haadstêd útroppen wie en dat mei de hiele provinsje fiere woe. Boalsert krige De Flearmûs, Frjentsjer de Oortwolk, Ljouwert de Love-fontein en ek alle oare stêden krigen in fontein dy’t by de skiednis, it no en de takomst fan de stêd past.
Kletterdeikonsert yn Boalsert
Om it fiifjierrich bestean fan de kletterjende keunstwurken te fieren, is op sneontejûn 18 maart yn de Martinitsjerke yn Boalsert in Kletterdeikonsert. NASKA Brass United, ûnder lieding fan Jan Vermaning, fersoarget mei ynternasjonaal konsertoargelist Eeuwe Zijlstra it bysûndere konsert, dat Merk Fryslân graach yn it programma opnimt. Der is muzyk te hearren fan Händel, Britten, Susato en Smetana, en ek nij wurk dat spesjaal foar it konsert komponearre is. Dûnsgroep Attitude fersoarget in wetterdûns en deputearre Sietske Poepjes iepenet it konsert.

Foto: © Heleen Haijtema en Tryntsje Nauta
Feest yn Frjentsjer
Op snein 19 maart is der op en om De Breedeplaats yn Frjentsjer in protte te dwaan: neist de feestlike iepening binne der lêzingen fan ûnder oare boargemaster Marga Waanders, stedsgesicht Josse Pietersma en direkteur fan it Planetarium Adrie Warmenhoven. Bern kinne harren eigen rap meitsje ûnder lieding fan rapper Martijn Werkhoven, oftewol Raptiel, en se meie skilderje ûnder begelieding fan byldzjend keunstner Tieneke van Montvoort. Alle lêzingen en aktiviteiten binne fergees, ek de wurkateliers foar bern.
Alle ynformaasje oer de festiviteiten is te finen op: www.friesland.nl/11fountains.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje