Jan Schokker: Foarâlderlike fûgels

maart 25, 2023 07:00 Fernijd

Kollum

Dizze kear komt de oanlieding út in fier en noch fierder ferline. Foar in ferhaal oer ús heit moast ik my ynlibje yn syn jeugd. Dan prate wy oer de tweintiger en tritiger jierren fan de foarige iuw, yn en om it Mildaam fan tusken wâld en wetter: dat smûk poartewachtersdoarpke mei de klapbrêge krekt op ’e grins fan it Frysk en it Oertsjongersk. Heit syn ferline kaam ta my yn ’e foarm fan net allinne fergiele foto’s út grize famylje-albums, films yn swart-wyt en telefyzjeprogramma’s op YouTube, mar ek en foaral troch dy iene side op it ynternet dêr’t men oant omtrint de midsiuwen al jins mear of minder familiêre ôftakkingen fine kin: familysearch.org/nl.

Och heden, wat in merakels nijsgjirrich matearje is dat. Hiel tagonklik en oersichtlik. De beam mei de ôftakking fan ús heit, Kornelis Schokker, hipt yn in stamrige fan sân tiidfekken tebek nei de berte fan in Berend Franzen yn 1680. Moai net? Dat stiet hjir samar foar my oer op myn ferljochte skerm.

Dy Berend kaam fan Wanneperveen, krij ik te sjen, alteast dêr is dy âldfaar troud. De soan fan dy Berend Franzen hat ynienen de famyljenamme Schokker te pakken, in goed iuw foardat it laach fan de Napoleons twa desennia lang hjir de baas spylje mocht. Hoe hat dat sa west? Wy Schokkers tochten altyd dat der in link lei mei Skoklân, mar út de skiednis fan it eilân blykt in Schokker net mear as in sammelnamme te wêzen foar it hiele folk dat yn 1859 halje-trawalje it eilân ferlitte moast. Der wenne gjin inkelde Schokker mei de namme fan Schokker op Schoklân. Wêrom hat Hendrik Berends dy namme fan Schokker deroan taheakke? Hat er dat sels betocht of is it him oplein? In Schokker kin nammers ek in soarte fan earte wêze en sels de namme fan in arbeider yn de lúsjefersyndustry. Wie er soms in brânstichter? Ik kidelje Google en kin noch wakker alle kanten út. Wat ik no wol wit is dat ús foarâlden sûnder ein hast allegearre turfmakkers, turfgravers, losarbeiders of turfskipperkes wiene en dat it eartiids in bealgjen wie sûnder ein. De earmoed moat freeslik west hawwe.

Ik folgje myn nijsgjirrigens en fyn úteinlik in winkelman/feanbaaske yn Haskerhoarne. Moat him wêze. Hoe soe dy man libje en wenje, doe yn 1750? Hy is troud mei in Grietje Jans Frantsen en sy hawwe net minder as sân bern op ’e wrâld set, dêr’t de âldste al daliks by de berte fan stoarn  is en twa oare bern net âlder wurden binne as sân jier. Ik sykje wêr’t it is en wêr’t it net is om mear ynformaasje, mar dokuminten binne der fierders net bewarre. Spitich dat der noch gjin tiidmasine beskikber is, mar as stikjesskriuwer kin ik fansels maklik genôch mei ien, twa halen samar tebek yn ’e tiid.

Dat ik tref him oan by it túnhikje fan in leaflik lyts en o sa simpel en deeglik stiennen wenninkje, tsjin it Haskerhoarnster tsjerkje oer. Hy sil der krekt op út.
“Wat moatte jo?” freget er yrritearre. “Ik haw it o sa bannich.”
Krekt, Schokkers hawwe it altyd drok. Neat feroare yn dy 270 jier. Net dat se mear wurk fersette as oar folk, mar se hawwe ivich en altyd muoite mei twa saken tagelyk. Dan wurde se kribelich, mar dizze Hindrik soe dochs yn syn eigen tiid hielendal gjin spanning ha moatte, soe ik sa tinke.

“Ik sil op Ljouwert ta reizgje,” seit er. Hy sit kreas yn ’e klean en hat in stimmich swarte silinderhoed op. Hjir noch gjin earmoed, sa’t it liket.

Efkes tink ik dat er op it Hearrenfean ta wol en dêr op ’e trein stappe sil, mar dat spoar leit der noch lang net fansels. Ik meitsje my bekend. Hy sjocht my fan kop ta tean oan.
“Tsjong, in trutling[1]”, seit er. “Dêr moat ik my efkes op beslypje”[2].
Hy nimt my, sûnder mear praatsjes te meitsjen, mei it hûs yn, dêr’t de boel kreas op stel is.

“Salang’t de koetsewein der noch net is, skyt der wol in fûgeltsje dat no noch gjin kont hat. Mar meastentiids stean ik fier foar de ôfsprutsen tiid al wol by de dyk. Se sille net op my wachtsje”, seit er, wylst er my in stoel oanbiedt. En in eintsje piip.

Typysk, ik en myn bruorren meie ek graach smoke en wy wolle ek nea te let wêze. Us fêste gewoanten binne dus al iuwen âld. Sa mei ik it graach sjen. De goeie karaktereigenskippen binne genetysk bepaald, de minne sille op ús eigen ferantwurding wêze.

Ik sjoch nijsgjirrich om my hinne en ynienen ken ik twa byldsjes werom yn de persoanen fan Kniertje en Cobus, byldsjes dy’t by ús thús as boekesteunen tsjinnen foar heit syn samling fan Arbeiderspersútjeften. Ik soe hjir en no myn inisjalen yn dy byldsjes krasse moatte, as bewiis fan myn tiidreizgjend bestean. Mar dat kin fansels net doge: Herman Heijermans syn Hoop van Zegen is pas fan om 1900 hinne. Sil wol in flaterke wêze fan alle trutlings yn ús famyljeskiednis.

Hindrik set my nei it piipsmoken in -yn syn wurden- ûmsneine bôle[3] foar. En in jonkje, dêr’t ik hast yn smoar, sa sterk.
Hindrik Berends Schokker sil nei Ljouwert ta, seit er, om nije fergunningen foar it ôfgraven fan it fean ûnder Aldehaske. Dat sit dreech, begryp ik. Sil dat dan meidertiid it Nannewiid wurde?

Op dat stuit tikket der immen my op it skouder. Moat net raarder wurde. Foar it byldskerm yn ’e sliep fallen. Dizze trutling hie oars o sa graach fierder dreame wollen oer foarâlderlike fûgels yn Leksikografysk Frysk.

 

[1] Trutling: neiteam yn in bepaalde, mar (út de sprekker wei) ûnbekende graad fan besibbens.
Sjoch: https://lexiconfrisicum.ivdnt.org/  (J.H. Halbertsma, 1870)

[2] Jin beslypje: earne oer neitinke. Sjoch Abe de Vries: Alternativen foar podcasters dy’t gjin Afûkfrysk prate wolle; http://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2020/06/

[3] Umsneine boale: krintebol fan weten moal mei in horizontale ynsnijing rûnom. Ut: Lexicon Frisicum

maart 25, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.