Jan Bosgraaf: Helden en slachtoffers
Resint ferskynd
Kollum
No wol ik net beweare, dat ik ferstân fan polityk haw. Want dêr ha ’k net foar trochleard. Mar as earder gemeente-amtner haw ik der wol wat ûnderfining mei opdien. En bytiden tocht ik ek, dat ik it politike spultsje wol yn ’e smizen hie. Om der like faak efter te kommen dat ik it dochs net goed trochhie. Dan koe ik der kop noch sturt oan fine hokker kant oft ien út woe. As it hjoed loftsôf wie, dan koe ’t in wike of moanne letter rjochtsôf wêze. Yn politike rûnten wurdt soks dan motivearre as voortschrijdend inzicht. Mar trije kear rjochtsôf is ek loftsôf. It kin lykwols net oan myn rjochtingsgefoel lizze, dat ik it paad yn it politike lânskip gauris bjuster rekke en reitsje. It is grif in tekoart oan polityk ynfielingsfermogen. No, dêr falt wol mei te libjen en men kin der ek wol âld om wurde.
Folle dreger is it om te libjen mei de wittenskip dat ’de polityk’ (ik neam gjin nammen of partijen) it ôf witte lit as it giet om it bystean en it út ’e brân helpen fan minsken dy’t troch it hâlden en dragen fan dyselde polityk yn swierrichheden bedarre binne. De tryste foarbylden lizze foar it opkrijen en binne sa njonkelytsen net mear op ’e fingers fan ien hân te tellen. Bewenners fan it ierdskoddingsgebiet yn Grinslân, slachtoffers fan de taslachaffêre, boeren, minsken yn it oerstreamingsgebiet yn Súd-Limboarch, ensfh. Dat belied, wat eins gjin belied hjitte mei, stiet heaks op de taal mei grutte beloften en moaie fiergesichten, dêr’t wy yn ’e oanrin nei de ferkiezing fan Provinsjale Steaten troch partijpommeranten mei dea goaid waarden. Op in inkelde útsûndering nei. Lokkich binne der noch in pear dy’t mei beide fuotten op ’e grûn stean bliuwe. No’t we ús stimmen útbrocht hawwe en de krûddampen fan de útslaggen oplutsen binne, wurdt it wer aaklik stil. Dêr kin men fergif op ynnimme.
Underwilens is oan de pineholledossiers fan it regear okkerdeis wer ien taheakke. In tapaslike fergoeding foar long-covidpasjinten dy’t yn de sûnenssoarch wurken. De rjochter hat útspraak dien dat elkenien dy’t mient dat hy of sy rjocht op in fergoeding hat, foar himsels in berop dwaan moat op de pot mei 150 miljoen euro, dy’t it regear der foar útlûke wol. As it giet lykas mei de earder neamde foarbylden, dan sitte dizze pasjinten jierren yn de wachtkeamer fan it ministearje fan langduorjende soarch, ear’t se beskied krije op harren fersyk. En dan is it noch mar de fraach oft dat beskied ek in fergoeding ynhâldt. Omdat de pasjint nei alle gedachten wetterticht bewize moat dat de oarsaak fan de long-covidklachten yn de wurkomjouwing leit. Allinne it idee makket jin al tryst.
Boppedat komme der grif ek fersiken fan long-covidpasjinten út oare ’essinsjele’ beropsgroepen lykas de plysje, de brânwacht en it ûnderwiis. Dan mei it ministearje wol wurkje oan in regeling foar pasjinten mei long-covid, dêr hawwe dy pasjinten foarearst noch neat oan. En as dy regeling der ienkear is, dan sil der grif wer in spesjaal buro foar optúgd wurde moatte, om alle oanfragen te besjen en ôf te hanneljen. Freegje net wat soks kostet. Ear’t my de moed yn ’e hakken sakket en ik alle hoop op in goede ôfrin ferlies, tink ik werom oan hoe’t der trije jier lyn opjûn waard fan dy ‘helden’ fan de sûnenssoarch. Dei en nacht wiene se yn it spier en fochten se foar de libbens fan tûzenen slim sike meiminsken.

Boarne: pixabay.com
Manmachtich stiene we te hantsjeklappen, te sjongen en brochten we harren serenades. Manlju en froulju fan kwizekwânsje út de polityk en de sûnenssoarch struiden rynsk mei kompliminten. De ‘helden’ mei de hannen oan it bêd waarden op hannen droegen. Dat moat ek barre mei de ‘helden’ dy’t ‘slachtoffer’ wurden binne fan long-covid. Dat binne we – dat is it regear – moreel en finansjeel oan harren ferplichte. Dêr hoecht net lang oer neitocht te wurden.
Goed ferwurde jAN,MEI’K WOL OER.