James Webbteleskoop leit seldsum momint stjer fêst, koart foar supernova

maart 17, 2023 09:36

Op in nije, detaillearre foto fan de James Webbromteteleskoop is in stjer te sjen, relatyf koart foar eksploazje yn in saneamde supernova. Dat fenomeen wurdt net faak sjoen.

Wolf-Rayetstjer troch James Webbteleskoop (boarne: NASA/ESA/CSA/STScI/Webb-ERO-Production-Team)

De foto waard frijjûn troch de Europeeske, Amerikaanske en Kanadeeske romtefeartorganisaasjes ESA, NASA en CSA. It giet yn de foto om in Wolf-Rayetstjer: ien fan de helderste, grutste en koartst waar te nimmen stjerren, seit de NASA. De James Webbteleskoop makke de foto yn juny ferline jier. De stjer, dy’t tritich kear sa swier is as de sinne yn ús sinnestelsel, is yn ’e midden fan de foto te sjen mei dêromhinne rôze stofwolken. Dat materiaal wie ea de bûtenste laach fan de stjer.

“It materiaal dat men om it sintrum fan de stjer sjocht, is stof”, seit astrofysikus Amber Straughn fan de NASA. “Oan ’e ein fan harren libben litte stjerren harren bûtenste materialen en lagen los yn ’e rest fan it universum.” Sa’n transformaasje komt mar by in stikmannich stjerren foar en is normaalwei de lêste faze foar’t in stjer eksplodearret.

Izer en kalsium
Frou Straughn neamt dat “ien fan de moaiste konsepten fan de stjerrekunde”. Dêr doelt se mei op in teory fan astronoom Carl Sagan. Dy teory giet oer hoe’t stjerrestof him troch de kosmos ferspraat en úteinlik nije planeten kreëarret. “Dat is ek hoe’t wy hjir kommen binne”, seit de astrofysikus. “It izer yn it bloed en kalsium yn ’e bonken is letterlik foarme yn in stjer dy’t miljarden jierren lyn eksplodearre. Dat is wat wy hjir, op de nije foto, sjogge.” De stjer stjitte al foar tsien sinnen oan materiaal ôf. Se leit út dat de stjer op 15.000 ljochtjier fan de ierde ôf stiet.

Oerknal
De James Webbteleksoop waard ein 2021 lansearre en observearret de kosmos sûnt ôfrûne simmer mei ynfrareadsensoaren. Wittenskippers hoopje mei de nije teleskoop de earste stjerrestelsels ûntdekke te kinnen om sa mear oer de oerknal, it ûntstean fan it hielal te witten te kommen. De Webbteleskoop koste hast tsien miljard euro en is de opfolger fan de Hubbleteleskoop.

maart 17, 2023 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.