Ien op de alve Friezen is skieden

maart 22, 2023 08:38

Yn 2022 wie ien op de alve Friezen skieden. It giet dan om folwoeksenen dy’t net opnij yn it houliksboatsje stapt binne. Wol binne der grutte ferskillen de gemeente. Sa wenje op Skiermûntseach mear ynwenners dy’t in skieding efter de rêch hawwe, wylst it persintaazje skieden folwoeksenen just it leechst leit yn Dantumadiel. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan it CBS.

Yn Fryslân wiene ferline jier likernôch ien op de alve ynwenners skieden: 9,2% fan de ynwenners om krekt te wêzen. Dat persintaazje leit wat leger as de lanlike trochsneed fan 9,3%. Fryslân sit dêrmei krekt tusken de oare noardlike provinsjes Drinte (9,5%) en Grinslân (9%) yn. Benammen de moanne maart stiet yn it teken fan de ferbrutsen leafde. Sûnt 2010 is dat de moanne dêr’t yn trochsneed de measte skiedingen yn ôfrûne wurde. “In trochsneed skiedingsproseduere duorret sa’n trije moanne. Mei wat rekkenwurk komt men dan by relasjonele spanningen om de feestdagen hinne út. Njonken de grutte persoanlike ynfloed moat ek goed nei de finansjele gefolgen sjoen wurde”, leit hypoteekekspert Marga Lankreijer fan Independer út.

Skiermûntseach measte skieden ynwenners
Skiermûntseach is koprinner fan de provinsje: it is de gemeente mei – yn ferhâlding – de measte ynwenners dy’t in houliksbrek efter de rêch hawwe. Op Skiermûntseach is 11,8% fan de folwoeksenen skieden. De top 5 fan Fryske gemeenten mei measte skieden ynwenners is as folget:

  1. Skiermûntseach (11,8% fan de ynwenners is skieden);
  2. Harns (11,1% fan de ynwenners is skieden);
  3. It Hearrenfean (10,1% fan de ynwenners is skieden);
  4. Ljouwert (10,1% fan de ynwenners is skieden);
  5. Smellingerlân (10% fan de inwenners is skieden).

It oanpart skieden ynwenners is op it stuit just it leechst yn Dantumadiel: dêr hat ‘mar’ 6,7% fan de ynwenners ea syn of har houlik beëinige sûnder wer opnij te boaskjen.

De sifers fan alle gemeenten binne op de ûndersyksside te finen: www.independer.nl/hypotheek/info/situatie/scheiden/onderzoek/echtscheidingen-2022.

Yn tsien gemeenten skieden ynwenners tanommen
Yn tsien Fryske gemeenten naam it persintaazje skieden ynwenners ferline jier neffens 2021 ta. It grutst wie dat op Flylân (+0,46%). Sa sterk sels, dat Flylân dêrmei ferline jier de grutste oanwaaks fan hiel Nederlân hie. Op It Amelân (+0,28%) en yn Smellingerlân (+0,18%) naam dy ferline jier ek dúdlik ta. Yn sân Fryske gemeenten naam it oanpart skieden ynwenners just ôf. It meast yn de gemeente Skiermûntseach (-0,78%). Noardeast-Fryslân wie de iennige gemeente yn Fryslân dêr’t it oanpart skieden ynwenners yn 2022 krekt gelyk bleau neffens 2021.

Lytser wenje
De lanlike top tsien fan wenwiken mei it heechste persintaazje skieden ynwenners wurdt troch heechbou dominearre. “Nei in skieding folget meastal in finansjele efterútgong. Mei ien ynkommen is der dan minder jild beskikber om bygelyks in nij hûs te keapjen. As der sprake is fan oerwearde op de âlde wente, dan kin dy foar in nije hypoteek brûkt wurde. Independer advisearret minsken wat dan de mooglikheden yn de nije situaasje binne, want dy binne der troch de oerwearde faak wol”, seit Marga Lankreijer fan Independer.

maart 22, 2023 08:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric maart 22, 16:05

    Bin benijd nei de korrelaasjes mei oplieding, politike foarkar, ensafh.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.