Hurder, grutter, fetter; John Wick Chapter 4
Resint ferskynd
Filmresinsje fan Gabrielle Terpstra
We witte it, we binne in bytsje let foar it John Wick chapter 4 resinsjefeest, mar by in goede film bist nea te let. En dat John Wick chapter 4 in goede film is docht bliken út de sifers, it is de bêst besochte film yn de bioskopen ôfrûne wike en hat op Rotten Tomatoes mei 95% ‘fresh’ de bêste skoare fan de 4 dielen.
John Wick franchise
Yn it earste part fan de franchise folgje wy John Wick (spile troch Keanu Reeves) yn syn syktocht nei wraak, nei’t syn hûn, dy’t er fan syn okkerdeis ferstoarne frou krige, fermoarde is troch Russyske gangsters. De film waard in hit, want nettsjinsteande alle aksjes sit der ek genôch djipgong, mytology, drama en fantasy yn de films.
Mytologysk
De wrâld fan John Wick draait om hiermoardners, mar befettet ek in soad mytologyske eleminten dêr’t de film oantrekliker troch is as de standert aksjefilm.

John Wick (foto: Dmitry Pechenkov Wikipedia CC BY-SA 4.0)
Sa komme wy fan diel 1 ôf al yn ’e kunde mei it Continental, in netwurk fan hotels dy’t eksklusyf binne foar hiermoardners, dêr’t se feilich yn ferbliuwe en ûntspanne kinne.
Yn dy Continentals, dy’t har oeral op ‘e wrâld befine, kin betelle wurde mei spesjale gouden munten, dy’t ek brûkt wurde foar oare tsjinsten en geunsten.
De grutte stjoerder fan dat alles is de High Table dy’t de regels en wetten fan de hiermoardners bepaalt. It is in soarte fan mytologyske ynstânsje dy’t regearret en as ûntrochlitber presintearre wurdt.
Net folle wurden
Yn de eardere dielen hat John Wick him net populêr makke by de High Table en it is dan ek de fijân tsjin wa’t er it yn dit part opnimme moat, in hast trije oeren duorjende striid. Foar de aksjeleafhawwers ûnder ús is it in wier geniet, mei mar in bytsje wurden fan Wick sels (mar 380), en withoefolle gefjochten sitst goed by dizze film. De aksje is spektakulêrder, hast elkenien yn dizze film besiket om Wick te fermoardzjen. Sels foar syn eigen âld-freonen is er net feilich.
Cast
De cast makket yndruk. De ultime fijân yn dizze film wurdt spile troch Bill Skarsgård en martial arts akteur Donnie Yen spat as bline hiermoardner Caine ek fan it skerm. Fansels binne Laurence Fishburne en Ian McShane ek noch hieltyd fan de partij.
Wurch
Al mei al is it foaral in fisueel masterwurk, dat útblinkt yn fjochtgoreografyen en it mystike rântsje. It is prachtich om nei te sjen, allinnich hie er wol wat koarter kinnen, út en troch wurdst gewoan wurch trochdatst lykas John Wick mar gjin rêst likest te krijen.
Wy jouwe dizze film fjouwer stjerren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje