Hoe wiis moatte wy wêze mei it Masterplan Basisvaardigheden?
Resint ferskynd
Skôging

Foto: Provinsje Fryslân
Op 21 febrewaris 2023 – de dei fan de memmetaal – stie yn it Friesch Dagblad in ferslach fan in wurkbesite fan ûnderwiisminister Dennis Wiersma oan de iepenbiere Westermarskoalle op ’e Jouwer. Hy liet him op ’e hichte bringe mei ûnderwiis yn it Frysk; net allinne as fak mar ek as fiertaal by oare fakgebieten. Neffens de krante like him in yntegrale oanpak goed ta ‘zolang er maar voldoende aandacht wordt besteed aan de basisvaardigheden’. Krúsjaal is fansels oft dat ek foar it Frysk it gefal is. Behearskje alle bern meikoarten de lês- en skriuwfeardichheden ek yn it Frysk en is der net langer sprake fan Frysk-analfabetisme? Oanwêzich deputearre Poepjes sil tocht (en hope) ha dat soks mei it provinsjale Taalplan Frysk 2030 wol klearkomme kin.
Op 12 maaie 2022 hat minister Wiersma de Twadde Keamer op ’e hichte brocht fan syn Masterplan Basisvaardigheden. Hy stelt út om yn it primêr en fuortset ûnderwiis noch mear de fokus te lizzen op taal (!) en rekkenjen, digitale feardichheden en burgerschapskunde. Oer de Fryske situaasje lykwols gjin wurd, wylst de lês- en skriuwfeardichheden (‘geletterdheid’) yn it Frysk likegoed fan grut belang binne. Yn it Frysk lêze en skriuwe kinne is nedich foar in goede behearsking fan de taal. Sa net, dan nimt it tal brûkers fierder ôf en komt de kwaliteit fan it Frysk taalgebrûk wer mear ûnder druk te stean. Yn it yn 2017 útbrochte ûndersyk fan de Fryske Akademy waard dat proses al karakterisearre as ‘minder Frysksinnich en mear meartalich’.
Hoe moat dy besite oan de skoalle op ’e Jouwer no ynterpretearre wurde? In sjarme-besite yn ferkiezingstiid? It lanlike taalbelied yn de lêste fyftich jier is twaslachtich. Op regearingsnivo wurdt praat oer dat moaie Frysk, mar yn regeljouwing, ûnderwiis en it iepenbiere libben wurdt de taal yn in efterstânssituaasje holden. In mearderheid fan de Fryske skoallen past him nettsjinsteande de ferplichting dêrby oan.
Yn myn skôging It Masterplan Basisfeardichheden: mear fan itselde haw ik krityk formulearre op it ministeriële Masterplan Basisvaardigheden. Dy skôging is hjir oan te klikken.
Mei in trijetal beswieren haw ik besocht om oan te jaan, wêrom’t wy net wiis wêze kinne mei it plan fan de minister. Troch 70% fan de beskikbere ûnderwiistiid beheine te wollen ta de boppeneamde fjouwer leargebieten – al hoe wichtich ek – wurdt in proses fan ferskraaljend ûnderwiis trochset. Fierder is der gjin omtinken foar it Frysk as twadde rykstaal, wylst de taal essinsjeel is foar in goed learproses en de takomst fan de Fryske taalmienskip. Troch spitigernôch strak fêst te hâlden oan fakkeskieding wurde de mooglikheden fan in mear yntegrale oanpak bûten byld holden. Krekt dy mooglikheden kinne it probleem fan te min tiid ferlytsje.
Tom Dykstra
It sitaat fan Wiersma út ‘e Ljouwerter.
“Het Fries is een basis die je nodig hebt in Friesland. Het hoort bij Friesland en het is ook mooi aan Friesland.”
Foar my is sa’n glês healfol!