Henk Wolf: Ideeën oer min en geef Frysk
Resint ferskynd
Kollum
Wat as min of as geef Frysk sjoen wurdt, hinget soms mear ôf fan oare talen as fan it Frysk sels. Dat is ien fan de dingen dy’t ik leard ha troch in protte mei de twa Fryske talen yn Dútslân om te gean. Yn de jierren njoggentich haw ik it Noardfrysk al leard te praten en ik ha der sa’n tweintich jier lang ek les yn jûn. De lêste twa jier bin ik foar myn wurk foaral dwaande mei it Sealterfrysk.
It Noardfrysk is troch de grutte ôfstân en it kontakt mei it Deensk wol opfallend oars, mar de oerienkomsten tusken ús (Westerlauwersk) Frysk en it Frysk fan Sealterlân binne net te missen. Dat jildt foar de taal, mar it jildt foar in part ek foar de ideeën oer wat ‘geef Frysk’ is.
Kaai/sleutel
Ik tink dat it standertfoarbyld fan in ynterferinsje yn ús Frysk ‘sleutel’ is, dat brûkt wurdt ynstee fan ‘kaai’. Dat is yn it Sealterfrysk net oars. Dat hat ‘Kaai’ of ‘Koai’ foar sa’n dinkje om de doar mei op ‘t slot te dwaan, mar it Platdútske lienwurd ‘Sleutel’ (skreaun as ‘Slöätel’) wurdt ek wol brûkt.
Soms geane de ideeën lykwols krekt de oare kant út. Yn ús Fryslân wurdt ‘smite’ gauris as better Frysk beskôge as ‘goaie’. Yn it Sealterfrysk is it krekt oarsom. It wêrom is net sa dreech te rieden: it Platdútske ‘smieten’ en it Heechdútske ‘smeißen’ lykje op ‘smite’, wylst dy talen net in wurd ha dat op ‘goaie’ liket. Yn ús Frysk wurdt krekt nei it Nederlânsk sjoen: dêr is ‘gooien’ it gewoane wurd en dus wurdt ‘smite’ as better Frysk sjoen.
Brekking
It Westerlauwersk Frysk hat twa soarten brekking. De bekendste is de Nijfryske brekking, dy’t wy foaral tsjinkomme yn wurden dy’t langer makke binne, lykas meartallen, ferlytsingswurden en ôfliedingen. In foarbyld is de útspraak ‘fjer’ yn de wurden ‘fearren’, ‘fearke’ en ‘fearje’. Dy brekking hat it Sealterfrysk net. Wat de twa Fryske talen al mienskiplik ha, is de Aldfryske brekking. Dy hat foarmen lykas ‘ljocht’ opsmiten, dy’t it Westerlauwersk Frysk en Sealterfrysk mei-inoar diele. It Sealterfrysk hat lykwols folle mear fan datsoarte foarmen. Wylst wy ‘bier’ sizze, ha de Sealterfriezen it oer ‘Bjoor’. Hjir is it ‘kieze’, yn it Sealterlân is it ‘kjoze’. By ús is it ‘siede’, by de Sealterfriezen ‘sjode’. Dat makket it Sealterfrysk yn ús eagen in soarte ‘hyperfrysk’, wylst it ûntbrekken fan sokke foarmen diskant de Lauwers makket dat de Sealterfriezen har foarm fan Frysk dúdlik as in stik ‘Frysker’ beskôgje as uzes.
Oarsom jildt dat lykwols ek. De Aldfryske lange aa is yn ús Frysk gauris yn ea of ê of u feroare, wat foarmen opsmyt lykas ‘beam’ en ‘each’ en ‘grut’. Dy wurde hjir as typysk Frysk sjoen, omdat se ôfwike fan de Nederlânske oo-klank yn sokke wurden. Yn it Sealterfrysk is dat lûd lykwols ek oo wurden: dêr wurdt ‘Boom’, ‘Ooch’ en ‘groot’ sein – net omdat dat út it Nederlânsk liend is, mar troch in eigen ûntjouwing.
Lange en koarte lûden
Typysk foar ús Frysk is dat de lingte fan de lûden û, ú en y heel wichtich is. In ‘hûs’ (mei lange û-klank) is wat oars as in ‘hoes’ (mei in koarte û-klank). It Sealterfrysk hie dat ûnderskied oant foar koarten ek en âlde minsken ha it soms noch wol, mar by jonge sprekkers is it almeast ferdwûn. Hjir wurdt it ferskil altyd breed útmetten yn de earste lessen fan learboeken, yn it Sealterlân wurdt der net by neitocht, falt it amper op en yn learmetoaden wurdt it, oars as yn de wurdboeken, ek net yn de stavering werjûn. Soms is it dus simpelwei tafal wat minsken troch in noarm heeltyd wer foarholden krije as typyske eigenskip fan har taal.
Lidwurden en tiidwurden
Der binne oars ek genôch ynterferinsjes dy’t sprekkers fan it Frysk yn beide gebieten net opfalle en dêr’t men jin pas bewust fan wurdt as men mear as ien Fryske taal leard hat. It Aldfrysk, it Noardfrysk en it Sealterfrysk ha bygelyks twa searjes beskate lidwurden: in de/it-systeem én in systeem mei fjouwer ferskillende beskate lidwurden foar manlike, froulike, ûnsidige en meartallige wurden. Fanâlds wie der in tige subtyl ferskil yn gebrûk tusken dy twa soarten lidwurden. Yn ús Frysk is dat fuort: wy brûke inkeld it de/it-systeem mar mear, wylst dat yn it Sealterfrysk just yn it neigean is, krekt as yn it Noardfrysk. Nei alle gedachten ûnder Dútske ynfloed wint it gebrûk fan it systeem mei fjouwer beskate lidwurden oan. Net ien tinkt dêr yn it Sealterlân lykwols oer nei.
Wat soartgelikens jildt foar de klasse dêr’t regelmjittige tiidwurden yn sitte. Yn ús Frysk binne Klaai, Wâlden en Noardeasthoeke it der frij aardich oer iens wat -je- en wat -e-tiidwurden binne. Allinne de Súdwesthoeksters wike soms wat ôf, dy wurde mei har ‘pasje’ troch har provinsjegenoaten wat apart fûn. Dat it ‘stjoere’ is en net ‘stjoerje’, dêr binne wol alle Friezen yn Nederlân it oer iens. Yn it Sealterlân is dêr wat mear fariaasje. Dêr komt ‘stjoere’ ek wol foar, mar as noarm is dêr krekt foar ‘stjoerje’ (skreaun as ‘stjuurje’) keazen, omdat dat de foarm is dy’t yn it haadplak Roomelse brûkt wurdt. Yn it Aldfrysk wie it oars ek in -e-tiidwurd (‘stiura’), mar dat is tafal, it is út noch yn net ûngewoan dat in tiidwurd yn de rin fan de tiid fan de iene klasse nei de oare springt.
Gebeure
Yn de noarm wurde ek wol tsjinoerstelde besluten naam. Yn ús Fryslân is it âlde Nederlânske lienwurd ‘fergadering’ mei ridlik sukses ferfongen troch it neologisme ‘gearkomste’, teminsten yn de skriuwtaal en yn Frysksinnige organisaasjes. Yn it Sealterlân giet datselde Nederlânske lienwurd (‘Fergoaderenge’) krekt foar geef en wurdt it troch in ferlykbere groep minsken brûkt as alternatyf foar it Dútske lienwurd ‘Versammlung’. En by ús wurdt it Nederlânske lienwurd ‘gebeure’ troch noarmfêste Friezen gauris ferfongen troch ‘barre’ (hoewol’t ‘gebeure’ yn de bedoelde betsjutting al folle langer yn gebrûk is as ‘barre’), mar yn Sealterlân wurdt it krekt as ‘geef’ alternatyf foar it Dútske lienwurd ‘passierje’ sjoen.
Jim begripe wol: noarm is in tige komplekse kwestje, dêr’t in soad oer skreaun en wreaun wurdt, mar net altyd mei likefolle kennis fan saken. Oan beide kanten fan de grins foarmje Fryskpraters gauris wat al te ienfâldige ideeën oer ‘min’ en ‘geef Frysk’, dêr’t net al tefolle kennis fan it Frysk mei anneks is, mar foaral wat oerflakkige observaasjes oer ferskillen en oerienkomsten mei de konkurrearjende talen Nederlânsk, Nederdútsk en Heechdútsk.
Tankewol, Henk, foar dyn byskinen. Wat by my opkomt, is dat taalgebrûk fansels lang net altyd ôfhinget fan taalkundige ideeën oer ‘min’ en ‘geef’ Frysk (lykas dat ‘gebeure’ foar de 19e ieu wol yn it Frysk brûkt waard) mar faak beskaat wurdt troch in pragmatyk dy’t ek faktoaren as klank, rym, ritme, kontekst, politike lading en estetysk oanfielen meirekkenet. Ik hear ta dyjingen dy’t it leafst alle gebeure feroaret yn barre of de iene of oare omskriuwing. Net om’t ik in wearzge ha fan midsieusk taalgebrûk mar om’t gebeure yn it Frysk al in pear hûndert jier ûnderfûn wurdt as in Hollânsk ynslûpsel en ik myn taal noch altyd graach in eigen plakje gun yn de kulturele diversiteit dy’t de wrâld sa fassinearjend makket. Ik haw by dat redaksjonele feroarjen net de yllúzje dat ik hiel konsekwint bin, mar grif in stik konsekwinter as de lju dy’t wol gebeure skriuwe wolle ‘om’t elkenien it seit’, mar der net by stilstean dat as dyselde redenaasje rommer tapast wurdt op it deistich fokabulêr, der gjin Fryske skriuwtaal mear oerbliuwt. .
Yn dizze sin stroffelje ik dan wer oer de wurd oarder “leard te praten”: “Yn de jierren njoggentich haw ik it Noardfrysk al leard te praten en ik ha der sa’n tweintich jier lang ek les yn jûn.”
Yn alle gefallen soe ik dêr “praten leard” fan makke hawwe. Wurd oarder, mear noch as losse wurden, is foar my it ûnderskied tusken geef en min frysk.
Dat “leare” as echt helptiidwurd mei in keale ynfinityf kombinearre wurdt, is fanâlds net sa gebrûklik yn it Frysk, mar it wint al oan, grif ûnder ynfloed fan it Nederlânsk. Dy’t sa praat, kin kieze tusken de tradisjonele folchoarder haadtiidwurd-helptiidwurd (“praten leard”) en de omkearde folchoarder (“leare praten”) dy’t by de jeugd sa populêr is en troch noarmfêste Friezen fûl ôfwiisd wurdt
Gebrûkliker is fanâlds lykwols dat by “leare” in te-ynfinityf stiet. Dy komt almeast helendal rjochts yn de sin te stean (“leard te praten”). Dat wurdt yn de literatuer it “wetsje fan Overdiep” neamd.
Dat gebrûk is hjoed de dei noch lang net útstoarn. Reitze Jonkman en ik ha in pear jier lyn njoggentich Friezen tusken de 55 en 95 jier nei soksoarte konstruksje frege en in oergrutte mearderheid fan 79 persint brûkte de folchoarder by it tiidwurd “leare” de folchoarder “leard te praten”. Dat: reden om te stroffeljen ha jo net.
As jo der mear oer witte wolle, sjoch dan efkes yn Jan Popkema syn “Grammatica Fries” yn paragraaf 5.5. Yn paragraaf 5.5.3.6. wurdt it tiidwurd “leare” behannele.
Ah! Dat is foar my nij!
Ik haw it ek oan myn âlden frege, en dy koenen de foarm mei ‘leard te praten’ ek noch wol. Ik bin bliid mei jo antwurd, dêr lear ik ek wer fan. It spyt my noch altyd dat ik nea op skoalle Fryske grammatikales hân haw. En dat foar je memmetaal! Ik sil yn alle gefal it boek fan Popkema bestelle. Dank foar de tip.