Hanke Bruins Slot oer beëdiging yn it Frysk fan kommissaris Arno Brok

maart 4, 2023 10:11

Kommissaris fan de Kening Arno Brok is ferline wike tongersdei syn twadde termyn yngien. Hy die dat mei in folslein Frysktalige beëdiging op it ministearje. It wie foar it earst dat dat barde.

Arno Brok en Hanke Bruins Slot (boarne: LinkedIn)

Brok spruts syn earste beëdiging yn 2017 ek yn it Frysk út, doe troch Kening Willem-Alexander. Diskear spruts it regearingslid, minister Hanke Bruins Slot fan Ynlânske Saken, ek yn it Frysk. Hja hie dêrfoar oefene mei in Frysktalige amtner dy’t de tekst fonetysk opskreaun hie.

Hja skriuwt dêroer op har LinkedIn: “Sa wier helpe my God Almachtich! In (wer)beneaming fan in kommissaris fan de Kening is in bysûnder momint, en dat mei ek yn it Frysk, ús twadde Rykstaal. It wie dan ek in fernoegen om Arno Brok de eed yn it Frysk ôf te nimmen foar syn nije termyn. Lokwinske mei jo werbeneaming!”

Yn de reaksjes wurdt Arno Brok lokwinske en jouwe guon minsken oan grutsk te wêze op syn krewearjen foar it Frysk en Fryslân.

Lês it berjocht fan minister Hanke Bruins Slot op LinkedIn.

maart 4, 2023 10:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.