Grinzer Museum kriget seldsume bylden fan Edu Waskowsky
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
It Grinzer Museum hat in bysûndere skinking krige. It giet om trije bylden fan Grinzer keunstner Eduard Waskowsky (1934-1976) út de kolleksje fan Corrie en Harry Swaak. It museum lit se fan no ôf yn in presintaasje yn de fêste kolleksje sjen.

Wurk fan Edu Waskowsky (foto’s: ©Arjan Verschoor)
Skinker Harry Swaak wie befreone mei Waskowsky. Oan it begjin fan de sechstiger jierren krige de keunstner partijen âld izer fia Swaak, dy’t by it bedriuw Werkspoor wurke. Dêrmei begûn Waskowsky te eksperimintearjen. Hy waard in masterlasser en liet syn fakmanskip sjen yn in spul fan oaninoar laske metaalplaatsjes. Foar Waskowsky wie materiaal it wichtichste aspekt om betsjutting oan keunst te jaan.
Keunstner Eduard Waskowsky
Edu Waskowsky waard yn 1934 yn Rotterdam berne. Yn 1958 ferhuze er nei Wedde en yn 1962 teach er nei de stêd Grins. Waskowsky krige bekendheid yn it Grinzer keunstnerslibben en sleat freonskip mei Martin Tissing. Yn 1965 makken sy mei Henri de Wolf en Jo van Dijk de útstalling Gr4K yn it Grinzer Museum. De fjouwer jonge keunstners ferholden har yn dy tiid mei harren wurk ta ynternasjonale keunstbewegingen lykas CoBrA. Yn Grins is de keunstner is bekendst fan syn Joadsk Monumint oan de Hereweg.
Seldsum
Yn syn libben ferkocht Waskowsky net folle wurk. Dochs wie er besiele fan keunst. Syn wurk is nea sammele en hy ferneatige der sels in part fan. Nei’t er yn 1958 de byldhoukeunst boppe skilderkeunst ferkeas, ferbrânde er ek syn skilderijen. Materialen fan minder slagge bylden brûkte er foar nije komposysjes. Uteinlik liet er in lyts oeuvre fan likernôch 75 bylden en in stikmannich skilderijen en tekeningen nei. Dat makket de skinking fan Corrie en Harry Swaak seldsum en in bysûndere oanwinst foar de kolleksje Grinzer keunst yn it Grinzer Museum.
Presintaasje fan de kolleksje
Fan no ôf binne de bylden ‘Staande figuur’ en ‘Compositie’ (kop) fan Waskowsky te sjen yn in presintaasje yn de fêste kolleksje fan it Grinzer Museum. It skilderij ‘Boom’ (1957) fan him is ek te sjen. It wurk fan de keunstner wurdt toand yn kombinaasje mei wurk fan tiidgenoaten út de kolleksje fan it Grinzer Museum.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje