Goedfreed begjint mei iepenheid fan klank

maart 18, 2023 22:31

Ynstjoerd

Goedfreed 7 april wurdt de passy In frjemdling yn Jeruzalem yntegraal útstjoerd troch Omrop Fryslân. Dêr binne komponist Gerben van der Veen en ik as librettist tige mei fergulde. En it kin net op: alles wurdt Frysk ûndertitele. Ik ha dalik in betankje nei de Omrop dien en foar de wissichheid mar even hifke: hâlde jim rekken mei myn stavering? It giet dan om in âlde kwestje: dy fan de y en de ij. In koar kin net beide tagelyk sjonge. Mar ek in solist fertsjinnet helderheid.

Hoe’t ik myn wurden útsprutsen ha wol, dêr gean ik sels oer, en ik jou it simpel oan troch de y-klank te staverjen as y, de ij-klank as ij. It Frysk ken beide notaasjes, sadwaande hoech ik de taal gjin geweld oan te dwaan. As yndividu respektearje ik elke lokale tongfal, as skriuwer fan sjongteksten stean ik op ienheid fan útspraak. It mei gjin ferskil útmeitsje, soe dirigint Hans Algra in kantate fan mij útfiere yn Dokkum, Gerben van der Veen dyselde kantate op It Hearrenfean, of Jaep Meems it wurk yn Twizelerheide. It hat noait oars west: diriginten freegje oeral en altyd om dúdlikheid. Mar ik kin ûnmooglik alle repetysjes bijwenje, dêrom soargje ik op foarhân foar in adekwate, lûd-konforme stavering. Wa wit wurdt der nei myn dea ek noch songen.

Op it gefaar ôf dat ik mysels herhelje en ek nei myn pensjoen noch skoalmaster bin, de essinsje nochris op in rychje. Taal lústert nau, en feitlik giet it om it wurdearjen en honorearjen fan nuânses. It Nederlâns hat, ôfhinklik fan de klam, it persoanlik foarnamwurd ‘mij’ en ‘me’; it Frysk offisjeel allinnich ‘my’. It Nederlâns hat op deselde manier ‘jou’ en ‘je’; it Frysk offisjeel allinnich ‘dy’ (dêr’t it oanwizend foarnamwurd ‘dy’ dan wer ferfelend trochhinne griemt). It Nederlâns hat ‘hij’ en ‘-ie’ (Nescio stavert: wist-i); it Frysk gelokkich ‘hy’ en ‘er’, dus (op dy miste ij yn ‘hy’ nei) fierder gjin problemen. Dy spylje wol wer bij it Nederlânse ‘wij’ en ‘we’, dêr’t it Frysk offisjeel allinnich ‘wy’ hat, al wurdt foar ‘we’ bytiden in eachje tichtknypt. Om ûndúdlike reden jildt dyselde myldens net foar ‘sy’ (froulik inkeldtal en meartal) want oait hat ien bepaald dat it gjin ‘sij’ of ‘se’ wêze mei.

Dit is gjin hellend flak. Tom Dykstra fleach út ’e bocht doe’t er tocht dat ik Frysk-eigen wurden as ‘tizeboel’ en ‘mienskip’ no ek ôfskaffe wol (wa’t it neilêze wol: It Nijs, 18 jannewaris 2021). Ik soe net witte wêrom en mei watfoar rjocht. Dat binne no krekt wurden dêr’t we it fan ha moatte. We. Dêr’t ik sa’n wurd om sis, want hjir past gjin ‘wy’ of ‘wij’. Omrop Fryslân lit ús simmerdeis alle hoeken fan de provinsje sjen, ûnder it nijsgjirrige motto: Wat binne wy moai fuort net? Mar sels de Wâldfrysk-pratende Afke Boven sei yn dit gefal altyd netsjes ‘we’ sa’t it heart. Skriuw it dan ek. We leare bern it ûnderskied tusken ij en i-grek troch te wizen op de puntsjes op ’e ij. Allinnich it Frysk docht dêr bytiden net oan mei: altyd y skriuwe, ek as we ij bedoele, winskje of ferwachtsje. It is hast kringich: dat sykje de jonges en famkes sels mar út. Wat se út soarte net kinne omdat it net iens oan grutten út te lizzen is.

Taal giet om finesses. Yn 1977 hold dichter Rutger Kopland, op fersyk fan literêr tydskrift De Revisor, in deiboek bij oer it meitsjen fan in gedicht. Prachtstof foar poëten en alle oare fynpriuwers fan taal. Ien meilêzer jout Kopland yn omtinken om yn in rigel ‘zij’ te feroarjen yn ‘ze’. Kontekst en úteinlike útkomst binne op dit plak net relevant, mar ien sintsje fan de skriuwende dichter sprekt boekdielen: “Ik heb daar lang over nagedacht.” Yn it Frysk krije we net de kâns om ek mar ien momint oer dingen nei te tinken. Wij binne leaver lomp en skriuwe domwei ‘sy’.

Bij it sluten fan de merk joech oersetfenomeen Jan Rot feitlik itselde ynkykje yn it sekuer omgean mei taal, doe’t er tsjin sjoernalist Jacob Haagsma sei: “Het gaat ook over de klank: de ene keer is het ‘zij’, de andere keer moet het echt ‘ze’ zijn.” (LC, 9 novimber 2021) In iepen doar, mar yn Fryslân krije we alles ticht. Ien gelok: Goedfreed komt it klear mei de iepen notaasje.

Eppie Dam

maart 18, 2023 22:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.