Fûgelgryp konstatearre by foks yn ’e buert fan Parys
Resint ferskynd
By op syn minst ien foks yn ’e buert fan Parys is fûgelgryp konstatearre, berjochtet de wrâldorganisaasje foar bistesûnens (WOAH). Neffens de organisaasje waarden yn in natuergebiet yn Meaux trije deade foksen fûn, dêr’t ien fan ûndersocht waard. Dy bliek it saneamde H5N1-firus te dragen, de fûgelgrypfariant dy’t ûnder fûgels tige besmetlik is.

Foto: pixabay.com
Yn ferskate lannen binne gefallen meld fan sûchdieren dy’t de sykte skipe hiene. Yn desimber rekke bygelyks in kat yn Frankryk besmet, yn Spanje waard de fariant by nertsen fûn en yn de Feriene Steaten krigen trije grizzlybearen fûgelgryp. Yn Ingelân waard de sykte de ôfrûne moannen by foksen, otters en seehûnen fêststeld. Yn Nederlân rekken ek sûchdieren besmet. Yn jannewaris waard by in foks yn Noard-Brabân fûgelgryp fan it type H5N1 fêststeld en earder skipen yn Nederlân ûnder mear in murd, in das en in otter de goarre.
Kin ek by minsken
Nei alle gedachten waarden de bisten siik trochdat se sike fûgels fretten hiene. Yn de measte gefallen is der gjin sprake fan dat de sûchdieren inoar besmette. De firusfariant kin ek by minsken foarkomme, mar dat is noch net op grutte skaal bard. De kâns dêrop is neffens de measte firologen lyts. Mar ûnder oaren firologen Marion Koopmans en Thijs Kuiken binne wol fan betinken dat tarieden op in útbraak nedich is.
It firus wurdt ûnder minsken pas in pandemy as in oar bist sawol in minsklike fariant fan gryp as H5N1 krije kin, sei de Dútske firolooch Thomas Mettenleider earder. Hy die foar de EU jierrenlang ûndersyk nei fûgelgryp. “Dat kin resultearje yn in nije goarre mei genetysk materiaal fan beide firussen.” Hy beklammet, krekt as de measte oare firologen, dat dy kâns net grut is.
WHO: situaasje is ûntrêstigjend
Dochs fynt wrâldsûnensorganisaasje WHO dat de situaasje noed jout. “De wrâldwide H5N1-situaasje is ûntrêstigjend mei’t it firus wiidferspraat is yn fûgels oeral op ’e wrâld en dat it hieltyd faker by sûchdieren en minsken foar liket te kommen”, sei Sylvie Briand fan de WHO ein foarige moanne.
H5N1 is ûnder fûgels tige besmetlik. Sûnt 5 oktober jildt yn Nederlân in lanlike hokplicht foar plomfeebedriuwen. It betsjut yn ’e praktyk dat der gjin frije-útrinaaien mear binne, omdat de bisten net mear nei bûten ta meie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje