Fryslân Iepen-damtoernoai úteinset
Resint ferskynd
It Fryslân Iepen-damtoernoai is juster úteinset. Fan tiisdei 28 febrewaris oant en mei snein 5 maart binne der ferskillende dameveneminten. Foar it earst sûnt de koroanaútbraak komme dammers byinoar yn Frjentsjer om Frysk te damjen.

Foto: Stifting WFD
Neffens ien fan de dielnimmers, Folkert Groenveld, de lêste winner fan it Fryslân Iepen-damtoernoai, is dizze edysje it sterkste toernoai sûnt lange tiid. It Waadhoeke-skoaltoernoai FRYSK! wie it earste evenemint. Learlingen fan ferskate basisskoallen strieden tsjininoar.
It toernoai waard iepene yn kafee De Bogt fen Guné. Dêr wurke it shantykoar Sterk Spul út Lollum oan mei. Wethâlder fan kultuer Jan Dijkstra begûn syn iepeningswurd mei in lytse skiednis fan Frjentsjer en de gemeente Waadhoeke. Hy fertelde oer it kafee Bogt fan Guné, it âldste studintekafee fan Nederlân en de keatsbaan, dêr’t de PC holden wurdt. Goede grûn dus foar in tinksporttoernoai. Dykstra memorearre de drôvige omstannichheden dy’t meitsje dat de sterke spilers út Ruslân en Wyt-Ruslân net oanwêzich wêze koene. En hy spruts de hoop út dat dit grutte damtoernoai tenei alle jierren yn Frjentsjer holden wurde sil.
It toernoai is fan 1 oant en mei 3 maart. De earste twa dagen wurde de trije omgongen spile, op 3 maart twa. By gelykspul binne der op 3 maart barraazjes.
Der binne acht omgongen yn it Fryslân Iepen-damtoernoai, de earste fjouwer pleatse har foar it Grutmastertoernoai (de finale) en de nûmers fiif oant en mei acht spylje yn de Mastergroep. Beide groepen spylje freedtejûn yn it Eise Eisingaplanetarium oan de Eise Eisingastrjitte nûmer 3. Sneon 4 maart binne de omgongen twa en trije fan it Grutmastertoernoai en de Mastergroep. Dy wurde yn it stedhûs spile.
Op sneon 4 maart wurdt yn ’e Koarnbeurs it kwalifikaasjetoernoai FRYSK! spile, fan 10 oant 16.30 oere. Om 17.00 oere wurdt bekend makke wa’t de dielnimmers oan it Wrâldkampioenskip FRYSK! binne. Frysk damjen is damje op it 100-fjildeboerd, dêr’t horizontaal en fertikaal by slein wurde mei. FRYSK! is Frysk damjen mei fiif skiven de spiler.

Liuwe Westra (l.) en wethâlder Jan Dijkstra (foto: Stifting WFD)
Utslach Waadhoeketoernoai
1.Jaring Jan Postma út Waaksens, 4 punten
2.Wiebe Huitema, 3,5 punten
3.Tymen Bults, 3 punten
Pearing foar de earste omgong ferrjochte troch notaris S. Swart fan notariskantoar G.S. van der Hem, Jorwert
1: Herbert Tulleken – Tsjerk Wijbenga
2: Frans Kingma – Jean Marc Ndjofang
3: Leo van Dorp – Hein de Vries
4: Bauke Dijkstra – Ties Slagter
5: Renaud Braye – Taeke Kooistra
6: Folkert Groenveld – Aleksej Domchev
7: Darya Tkatchenko – Cor Kooistra
8: Dicky van der Meer – Patrick Casaril
9: Auke Zijlstra – Jouke Algra
10: Jelle Wiersma – Porter Richardson
11: Petra Duskova – Marten Walinga
12: Rein Jan Walinga – Sjoerd Couperus
13: Piet Sikma – Henk Haanstra
14: Willem Dijkstra – Fedde Wiersma
It toernoai is fia in livestream te folgjen: www.frisiandraughts.com/spagina/67/L/live.html.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje