Fryslân Iepen: Henk Haanstra kampioen grutmastertoernoai
Resint ferskynd
Debutant yn it grutmastertoernoai, Henk Haanstra, spile sneon yn de lêste omgong remize tsjin Marten Walinga en wûn dêrmei it toernoai. Hy is al twa kear twad wurden by it Frysk Kampioenskip, en hie oan dit toernoai noch nea meidien.

Henk Haanstra (foto: Stifting WFD)
Henk Haanstra hong altyd krekt tsjin de top oan en wûn sa út en troch fan de toppers yn partijen. Dochs kaam dizze oerwinning (ek foar himsels) as in ferrassing. Earst kamen de triennen, doe in freugdegjalp út de grûn fan syn hert.
Nei nei senuwslopende freed, doe’t de spilers earst twa foaromlopen en in barraazje spilen op de klipper Elizabeth, en dêrnei ferhuze waard nei it Planetarium foar de earste omgong fan it grutmaster- en mastertoernoai, waarden op sneon de lêste twa omlopen yn it prachtige stedhûs fan Frjentsjer spile. Mei twa beslissingen yn de earste omgong wiene Marten Walinga en Henk Haanstra favoryt foar de titel. Yn de twadde omgong ferlear Marten Walinga lykwols ferrassend fan Jelle Wiersma, en dêrtroch kaam Wiersma wer gelyk mei Walinga. Troch de remize tusken Henk Haanstra en Folkert Groenveld kaam Haanstra allinnich oan kop te stean. Yn harren partij koe Groenveld winne as er yn stee fan 43…25-30?? 11-16! spile hie. Dan hiene alle fjouwer spilers gelyk stien. No wiene der noch trije kânshawwers. Allinnichregearjend kampioen Fryslân Iepen Folkert Groenveld koe syn titel net ferdigenje. Yn de foaromgongen ferlear Wiersma fan Groenveld. No waard it remize, en dêrmei koe Wiersma gjin kampioen mear wurde. Yn in fiif-om-fiifstân krige Walinga noch grutte kânsen en dêrmei in kâns op de titel, mar hy kaam net fierder as remize.
Yn de masterklasse waard Tsjerk Wijbenga earste.
Yn de Koarnbeurs wie it kwalifikaasjetoernoai FRYSK!. De earste sân spilers fan dat toernoai pleatsten har foar it WK FRYSK!, dat snein yn it stedhûs holden wurdt. Freedtejûn wie in bus mei spilers út Italië oankommen, dy’t twa dagen ûnderweis west hie. De spilers koene goed meikomme yn it toernoai.
Winners fan it ynternasjonale toernoai wiene Aleksej Domchev út Litouwen, Renaud Braye út België en Jean Marc Ndjofang út Kameroen.

Jean Marc Ndjofan (foto: Stifting WFD)
Utslach kwalifikaasjetoernoai
1-3 Aleksej Domchev, Renaud Braye, Jean Marc Ndjofang (5,5 punt)
4-7 Davide Gemma, Auke Zijlstra, Ties Slager, Petra Dušková (5 punten)
8-13 Siward Walinga, Patrick Casaril, Andrea Peirano, Darya Tkatchenko, Paolo Faleo (4,5 punt)
14-16 Davide Tamborin, Teije Stor, Elia Cantatore (4 punten)
17 Harmen Westra (3,5 punt)
18-21 Nathan Censi, Ton van der Poeg, Tijmen Bults, Niek Tolsma (3 punten)
22 Leo van Dorp (2 punten)
23-24 Gabriel Gorobchenko, Jaring Jan Postma (1,5 punt)
Der waarden twa barraazjes spile. De earste om it kampioensplak fan it toernoai, tusken Domchev, Braye en Ndjofang. Dy waard wûn troch Ndjofang (1,5 punt). Braye waard twad mei ien punt, en Domchev tred mei in heale punt.
De twadde barraazje gie tusken de nûmers 8-13. Der koene har nammentlik seis spilers pleatse foar it WK FRYSK! fan snein 5 maart. Fan de sân heechst pleatste spilers, hie Petra Dušková har al as Tsjechysk kampioen kwalifisearre. Lykwols, om’t Jean Marc Ndjofang 5 maart net spylje kin, koe der noch in spiler oan it WK dielnimme, en dy moast út de groep 8-13 komme. Fan harren wie Andrea Peirano ek al kwalifisearre as Italiaansk kampioen FRYSK!, dus de striid gie tusken Walinga, Casaril, Tkathcenko, Faleo en Lodato. Fan harren wûn Faleo nei fiif omgongen mei fjouwer punten. Tkatchenko kaam net fierder as 3, Walinga helle 2, Casaril 1 en Lodato bleau puntleas.
Omgong 2 grutmastertoernoai Fryslân Iepen
Jelle Wiersma – Marten Walinga 1-0
Henk Haanstra – Folkert Groenveld 0,5-0,5
Omgong 3
Jelle Wiersma – Folkert Groenveld 0,5-0,5
Marten Walinga – Henk Haanstra 0,5-0,5
- Henk Haanstra 2, 2,3 Jelle Wiersma en Marten Walinga 1,5 4. Folkert Groenveld 1.
Omgong 2 Mastertoernoai Fryslân Iepen
Jouke Algra – Hein de Vries 0-1
Dicky van der Meer – Tsjerk Wijbenga 0-1
Omgong 3
Hein de Vries – Tsjerk Wijbenga 0,5-0,5
Jouke Algra – Dicky van der Meer 1-0
- Tsjerk Wijbinga 2,5 2. Hein de Vries 2 3.Jouke Algra 1 Dicky van der Meer 0,5
It evenemint is streekrjocht te folgjen fia: LIVE (frisiandraughts.com).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje