Fryslân Iepen 2023: it begjin fan it toernoai

maart 2, 2023 08:59

Ferrassende koprinners yn it Fryslân Iepen 2023 nei de earste trije omgongen

Alle spilers wiene op tiid binnen om de iepeningsset troch de eigener fan it tallship Elizabeth, Alwin Wuffen, yn de partij tusken de âldste spiler fan it toernoai, Sjoerd Couperus (92) en Rein Jan Walinga te sjen. De iepening wie op it neistlizzende skip de Antigua.

Sjoerd Couperus (l.) en Alwin Wuffen (foto: Stifting WFD)

De sekretaris Liuwe Westra memorearre in stikmannich wichtige notaasjeregels (earst op it boerd sette en dan pas op tablet notearje en as men klear is mei in partij, mei men bliuwe om te sjen, as men dat stil docht). It toernoai is sterk beset. Troch de koroanajierren is der in protte thús damme mei analyzeprogramma’s. It dielnimmersfjild is sterker as ea.

Yn de earste omgong wûnen de Friezen – de wedstriidspilers mei ûnderfining – fan de rest fan it fjild. Jelle Wiersma (tsienfâldich Frysk kampioen) sei dêroer dat de thúsdammers wedstriidritme misse. Men kin fansels thús op ’e kompjûter goed spylje, yn it echt yn in toernoai komt der folle mear by sjen. Dat docht bliken, want yn ’e earste omgong wurdt dus it tsjêf fan it nôt skaat. Der waard mar ien remizepartij spile. Ferrassend wie de winst fan Sjoerd Couperus, dy’t syn mantsje stie troch oertsjûgjend te winnen fan de sterke Rein Jan Walinga.

Yn ’e twadde omgong troffen de nûmers ien en twa fan it Frysk damjen inoar, Marten Walinga en Folkert Groenveld. Marten Walinga wûn nei in grutte flater fan Groenveld yn in foar Groenveld geunstige posysje. Yn augustus 2021 spilen de twa om de wrâldtitel, dy’t troch Walinga wûn waard.

Henk Haanstra (l.) en Fedde Wiersma (foto: Stifting WFD)

Yn ’e tredde omgong spilen de nûmers ien en twa fan it Frysk kampioenskip tsjininoar: Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Yn in remizestân gie Kooistra troch de flagge. Sensasjoneel wie it ferlies fan wrâldkampioen Marten Walinga, dy’t blundere tsjin Cor Kooistra yn in remizestân. Jelle Wiersma makket as Frysk kampioen foarearst syn namme wier mei trije winstpartijen. Henk Haanstra en Cor Kooistra, dy’t ek trije punten hawwe, binne de ferrassende meikoprinners.

Utslaggen omgong 1

Herbert Tulleken – Tsjerk Wijbenga 0-1
Frans Kingma – Jean Marc Ndjofang 1-0
Leo van Dorp – Hein de Vries 0-1
Bauke Dijkstra – Ties Slagter 0.5-0.5
Renaud Braye – Taeke Kooistra 0-1
Folkert Groenveld – Aleksej Domchev 1-0
Darya Tkachenko – Cor Kooistra 0-1
Dicky van der Meer – Patrick Casaril 1-0
Auke Zijlstra -Jouke Algra 0-1
Jelle Wiersma – Porter Richardson 1-0
Petra Duskova – Marten Walinga 0-1
Rein Jan Walinga – Sjoerd Couperus 0-1
Piet Sikma – Henk Haanstra 0-1
Willem Dijkstra – Fedde Wiersma 1-0

Utslaggen omgong 2

Sjoerd Couperus – Cor Kooistra 0-1
Tsjerk Wijbenga – Dicky van der Meer 0.5-0.5
Jouke Algra – Frans Kingma 1-0
Hein de Vries – Jelle Wiersma 0-1
Taeke Kooistra – Willem Dijkstra 1-0
Marten Walinga – Folkert Groenveld 1-0
Henk Haanstra – Bauke Dijkstra 1-0
Ties Slagter – Herbert Tulleken 1-0
Jean Marc Ndjofang – Auke Zijlstra 0-1
Porter Richardson – Leo van Dorp 1-0
Petra Duskova – Renaud Braye 1-0
Aleksej Domchev – Piet Sikma 1-0
Fedde Wiersma – Darya Tkachenko 0.5-0.5
Patrick Casaril – Rein Jan Walinga 0-1

Utslaggen omgong 3

Jelle Wiersma – Taeke Kooistra 1-0
Cor Kooistra – Marten Walinga 1-0
Dicky van der Meer – Ties Slagter 0-1
Auke Zijlstra – Tsjerk Wijbenga 0-1
Frans Kingma – Aleksej Domchef 0,5-0,5
Henk Haanstra – Jouke Algra 1-0
Folkert Groenveld – Porter Richardson 1-0
Rein Jan Walinga – Petra Duskova 0-1
Willem Dijkstra – Sjoerd Couperus 1-0
Darya Tkachenko – Hein de Vries 1-0
Bauke Dijkstra – Fedde Wiersma 0-1
Herbert Tulleken – Renaud Braye 0,5-0,5
Piet Sikma – Jean Marc Ndjofang 0-1
Leo van Dorp – Patrick Casaril 0-1

Stân nei omgong 3

1,2,3 Cor Kooistra, Jelle Wiersma, Henk Haanstra (3 punten)
4-5 Tsjerk Wijbenga en Ties Slagter (2,5 punten)
6-11 Marten Walinga, Taeke Kooistra, Jouke Algra, Folkert Groenveld, Willem Dijkstra, Petra Duskova (2 punten)
12-16 Dicky van der Meer, Frans Kingma, Daria Tkatchenko, Fedde Wiersma, Aleksey Domchev (1,5 punt)
17-23 Sjoerd Couperus, Auke Zijlstra, Porter Richardson, Hein de Vries, Rein Jan Walinga, Jean Marc Ndjofang, Patrick Casaril (1 punt)
24-26 Bouke Dijkstra, Herbert Tulleken, Renaud Braye (0,5 punt)
27-28 Piet Sikma en Leo van Dorp (0 punten)

Pearing omgong fjouwer, tongersdei 2 maart:

Cor Kooistra – Henk Haanstra
Tsjerk Wijbenga – Jelle Wiersma
Ties Slagter – Petra Duskova
Taeke Kooistra – Folkert Groenveld
Jouke Algra – Willem Dijkstra
Marten Walinga – Frans Kingma
Aleksej Domchev – Darya Tkachenko
Fedde Wiersma – Dicky van der Meer
Jean Marc Ndjofang – Rein Jan Walinga
Patrick Casaril – Porter Richardson
Hein de Vries – Auke Zijlstra
Sjoerd Couperus – Herbert Tulleken
Renaud Braye – Bauke Dijkstra
Piet Sikma – Leo van Dorp

It toernoai is streekrjocht te folgjen fia: www.frisiandraughts.com/spagina/67/L/live.html.

maart 2, 2023 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.