Fryslân hat net folle sportskoallen neffens rest fan Nederlân
Resint ferskynd
Yn Fryslân moat men in goed ein fytse foar in lichaamlike oefensesje. Yn de provinsje is op eltse 16,5 kante kilometer in sportskoalle te finen. Op oare plakken yn Nederlân is de drompel om geregeld te bewegen gâns leger: lanlik sjoen is der nammentlik op eltse 10,2 kante kilometer in sportskoalle fêstige. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan thússtúdzjeplatfoarm Laudius.

Foto: pixabay.com
It ûndersyk is basearre op 4.400 sportskoallen yn Nederlân dy’t yn 2023 registrearre steane op Google Maps.
Harns hat measte sportskoallen op ’e fjouwerkante kilometer
Yn guon Fryske gemeenten is de ôfstân gelokkich in stik better te oersjen. Harns hat de heechste sportskoalletichtens fan Fryslân mei in fitness foar eltse 4,2 kante kilometer. Ljouwert skoart ek goed mei in sportskoalle foar eltse 5,7 kante kilometer.
Ljouwert hat it bêst beoardiele oanbod fan kondysjetraining
Yn totaal waarden yn Fryslân hast 5.700 resinsjes analysearre. Ut de resinsje-analyze docht bliken dat sportskoallen yn Ljouwert it bêste beoardiele wurde. Dêrûnder sjocht men de top 3 fan gemeenten mei de bêst beoardiele sportskoallen:
- Ljouwert (trochsneed skoare fan 4,64 út 5);
- Harns (trochsneed skoare fan 4,6);
- Smellingerlân (trochsneed skoare fan 4,4).
Regionale ferskillen yn iepeningstiden
Yn Fryslân binne de sportskoallen yn trochsneed alve oeren en ien minút iepen. Dat is langer as yn bygelyks Gelderlân: dêr kin men ‘mar’ 10,5 oeren terjochte foar in lichaamlike oefening. Yn Limburch binne de romste iepeningstiden fan Nederlân: trettjin oeren en acht minuten deis.
Mear ynformaasje oer de regionale ferskillen tusken Fryske gemeenten yn tichtens en beoardielingen is hjir te finen.
Dat is mar goed ek. Friezen sporte bûten en dêrtroch is botte sûner.