Fryskpraters yn Sealterlân leare om harren net sa maklik te ferbrekken
Resint ferskynd
Lytse talen lykas it Frysk soene der gâns better foarstean as de sprekkers harren net sa maklik ferbrutsen. Dat hawwe de Friezen yn Dútslân no ek yn ’e rekken. Hja hawwe harren oansletten by in projekt fan taalorganisaasje Afûk en ferskate útlânske ynstituten. Dat saneamde LISTEN-projekt wol dat meartalige minsken mear neitinke oer wat taal oft hja wannear brûke.
Yn de regio Sealterlân yn Dútslân, op in lyts healoere fan de Nederlânsk-Dútske grins, praat goed tsien persint fan ‘e befolking noch Frysk. De pleatslike taalorganisaasje Seeltersk-Kontoor hat Tjallien Kalsbeek út Grou frege om it LISTEN-projekt dêr út te fieren. Juster is dat foar it earst bard. Der diene njoggen minsken mei. Hja moasten harsels doelen stelle. Ien hie as doel om mei har man tenei Frysk te praten, wylst hja altyd Dútsk praten. Oaren makken it makliker foar harsels troch bygelyks as doel te nimmen dat hja de oare kear yn de supermerk it kassafamke yn it Frysk begroetsje soene.
Oer in wykmennich komme de dielnimmers wer byinoar. Dan beprate hja hoe’t it gien is. Oare groepen, bygelyks kollega’s of klupgenoaten, kinne harren ek foar lessen fan Tjallien Kalsbeek oanmelde.
Miskien ek tiid om ris te sjen nei it brûken fan ‘harren’. As dêr gewoan mear minsken mei oantsjut wurde, dan leaver: ‘har’. As tagelyk de yndividualiteit fan dy minsken oan ‘e oarder is, dan ‘harren’.
In nijsgjirrige nunsearring, Abe, mar it wurdt der net ienfâldiger fan. Om de yndividualiteit fan minsken út te drukken, hawwe wy ‘elk’ (elts) ta ús foldwaan. En byhearrend ‘him’ en ‘syn’. Ik freegje my ôf oft de wurdsoarte ek in rol spilet yn dyn kar foar har of harren.
Yn de rubryk Briefkje oer taal (56) sil ik der fragen oer stelle oan myn maat Jan Breimer. Dy hat dêr grif ek ideeën by. En wat tinkt de trochsneed Fryskprater?
Ed Knotter
Sa dreech is it net hear. En ‘elk’ en ‘elts’ hawwe der neat mei fan dwaan. ‘Us heit en mem har hûs is in pronkje’, en ‘ús heit en mem harren winsken rûnen útinoar’. Ik freegje my oars ôf wannear’t dat ûnsjogge ‘harren’ deryn kaam is. By Waling tref ik it net oan. Gefaltsje distansjearre Afûk-Frysk?
Yn de Romantyk ûntstie in grut ferskaat oan foarmen fan de persoanlike, weromwurkjende en besitlike foarnamwurden fan de tredde persoan meartal. Sjoch it lemma ‘har IV’ yn it WFT foar in oersjoch. Yn hoefier oft dy ek allegear yn de sprektaal yn gebrûk wienen, is net mear nei te gean.
De foarm ‘harren’ is histoarysk lestich te ferklearjen. It ferwachte besitlik foarnamwurd is ‘jarre’ en de ferwachte net-ûnderwerpsfoarm fan it persoanlik foarnamwurd is ‘him/jam/ja’. Mooglik is ‘harren’ ûntstien as selsstannich brûkt besitlik foarnamwurd: ‘Dit binne minen, dat binne harren’. It kin ek in foarm wêze dy’t nei in ferhâldingswurden in ekstra útgong wêze, lykas yn ‘by uzen’. Mooglik is -en ek in âlde markearder fan manlik wurdgeslacht (lykas by it Noardfrysk ‘harn’).
In echte taakferdieling tusken ‘har’ en ‘harren’ is der yn it meartal op it nivo fan de taalmienskip net. Yn it klassike stik ‘On the distribution of harren and se ‘them” neamt Jarich Hoekstra ‘har’ en ‘harren’ frij útwikselber. Jan Popkema skriuwt yn syn ‘Grammatica Fries’ dat ‘har’ de sprektaalfoarm en ‘harren’ de skriuwtaalfoarm is.
Dan is noch altyd de fraach: wannear waard dat ‘de skriuwtaalfoarm’? Ik tink net yn de 19e ieu/iuw. En ik tink dat ‘har’ sa’t ik it bedoel – opstutsen fan Eppie Dam – ek hiel faak skreaun wurdt yn de 20e en ús ieu/iuw. In oar ding dat my opfalt: in hieleboel lju skriuwe ‘oant dan ta’. Ik ha leard – fan Goasse Brouwer wol ik leauwe – dat it wêze moat: ‘oan dan ta’. Of: ‘oant dan’.
It liket my in preskriptive útspraak fan Popkema, yn de praktyk wurde ‘har’ en ‘harren’ fansels beide wol skreaun.
‘Oant … ta’ sil grif ûnder Nederlânske ynfloed ûntstien wêze. It wurd ‘oant’ is sels oars ek apart: it is ûntstien troch kontaminaasje fan ‘ont’ mei ‘oan’.
‘Oant’ wurdt my ek wat al te maklik brûkt as ien-op-ienoersetting fan it Nederlânske ‘tot’. It Frysk hie of hat allegear subtiliteiten dy’t mei ‘ont’, ‘oan’, ‘oan … ta’, ‘o(a)ntsalang(‘t)’, ‘salang’t’, ‘ta’, ‘te’, ‘tot’ en grif noch allegear oare foarmen útdrukt wurde koenen, mar der is net in learboek of grammatika mear dêr’t jo dat noch út helje kinne.
Henk, oe sa nijsgjirrich, mar hjoeddeis is it allinne mar ‘hun’ wat ik hear yn de sprektaal, n’twier? Jawis, Frollânsk en ûnakseptabel, no? Mar kin it ek wêze, dat ‘hun’ in ‘ynterfryske’ ûntjouwing is? Ommers, de R foàr in N is stom, dat dan krijst ‘han’ en dan sitst tichtby ‘hun’. (Samar in sydpaadsje) Oer ‘oant’: ik tink wolris, is it faaks besibbe oan it Ingelske ‘until’ (oantil/ontil). Healwiis praat fansels.
Lútsen: de kâns dat ‘hun’ út in oare taal as it Nederlânsk komt, is wol heel lyts. Foar it lienen fan foarnamwurden moatte talen oer it generaal in lang en yntinsyf kontakt mei-inoar ha.
En jawis: ‘ont’ is besibbe oan it earste stikje fan it Ingelske ‘until’ – lykwols net streekrjocht fia it Ingelsk, mar fia it Aldnoardgermaansk, dêr’t it Ingelsk it fan liend hat. It bestie út de stikje ‘und’ (besibbe oan ús ‘ont’) en ‘til’, dat yn de moderne Skandinavyske talen noch in soad brûkt wurdt.
De wurden ‘ont’ en ‘und’ ha noch mear famylje yn moderne talen. ‘Anty’, dat wy út it Latyn en Gryksk ha, hat deselde oarsprong. Yn ‘antwurd’ en ‘antlit’ sit it ek, krekt as yn de plaknamme ‘Antwerpen’. Yn guon wurden (bygelyks ‘ûntstean’ hat it foarheaksel ‘ûnt-/ont-‘ deselde oarsprong.
De betsjutting is nochal ris feroare, mar yn âlde foarmen kinst faak de betsjutting ‘foar’ of ‘tsjin’ noch wol werom sjen.
Tankewol H.