Fryske Miljeufederaasje hâldt lêzing oer stigende seespegel

maart 5, 2023 08:33 Fernijd

De seespegel stiicht. Hâlde we drûge fuotten? “Twatredde fan Nederlân leit ûnder de seespegel. Wy libje yn de gefaarlikste delte fan Europa”, seit âld-dykgraaf Bert Middel.

Boarne: Fryske Miljeufederaasje

De wetterhúshâlding, en de enoarme útdaging dy’t dêr leit, hâldt ek de Fryske Miljeufederaasje dwaande. Dêrom organisearret de FMF de Grienlunch ‘Dan ferhúzje we mar nei Noarwegen… (of dochs net)’. De lêzing stiet yn it teken fan de stigende seespegel. Der komme trije nijsgjirrige sprekkers dy’t allegearre op in oare manier by ús wetterhúshâlding behelle binne. By it middeismiel jouwe âld-dykgraaf Bert Middel, lânskipsarsjitekt Els van der Laan en Tieneke Clevering fan wetterskipspartij Water Natuurlijk Fryslân harren fyzje op dy grutte útdaging dy’t it wetter en de bou oangiet.

Hâlde we it yn Fryslân wol drûch? Dy fraach kringt him hieltyd mear op. Troch klimaatferoaring stiicht de seespegel. Yn it sombere en dochs realistyske senario fan it IPCC (Intergovernmental Panel on Climate Change) kin de seespegel oant fiif meter stige yn hûndert jier, en oant wol fyftjin meter yn de iuwen dêrnei. Dat kin foar lege parten fan Fryslân in protte ynfloed hawwe. Hoe rekket dat ús manier fan libjen? Kinne we noch wol oeral wenje? Binne hieltyd hegere diken de oplossing of moatte we oars bouwe? Wat betsjut it foar ús lânskip en foar de ynfolling fan it nije lanlike ramt ‘Wetter en boaiem stjoerend’?

Boarne: Fryske Miljeufederaasje

Of – jouwe we it lân oan de see werom en ferhúzje we allegearre nei Noarwegen? Foar it heech lizzende Noarwegen is it begryp seespegelstiging fier wei. It lân is ek tinbefolke. Op it Noarske sjoernaal nûge de boargemaster fan Skien (+28m NAP) koartlyn alle Nederlanners út. “De Nederlanners binne mear as wolkom. Wy hawwe jimme nedich en miskien hawwe jimme ús ek wol nedich.”

De lunch bywenje?
Elkenien dy’t dit ûnderwerp nijsgjirrich fynt, is fan herten wolkom. De lunch wurdt holden op 13 maart 2023 yn de Grutte Seal yn de Kânselarij yn Ljouwert. Oanmelde kin fia dizze link.

maart 5, 2023 08:33 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.