Frysk Museum keapet ‘Rebelse Lusthof’ fan Mercedes Azpilicueta
Resint ferskynd
Mei stipe fan it Mondriaanfûns hat it Frysk Museum in bysûndere oankeap dwaan kinnen: ‘De Rebelse Lusthof’ (2022) fan Mercedes Azpilicueta (Argentinië/Italië, 1981). Yn dat monumintale tapyt mei fragminten fan in tún, binne minsken, planten en foarwerpen ferweve om it ferhaal fan it Fryske bûten Oranjewâld te fertellen, it plak dêr’t arbeiders, poëten, rebellen en de Keninklike famylje wennen.

‘De Rebelse Lusthof’ fan Mercedes Azpilicueta (boarne: Frysk Museum)
De resinte oankeap, dy’t frou Azpilicueta yn opdracht fan Arcadia foar de útstalling Paradys makke, is oanlieding foar in nije ynstallaasje fan objekten en kostúms. De folsleine ynstallaasje fan frou Azpilicueta is yn de útstalling Seeds of Memory te sjen, fan 15 april 2023 o/m 24 maart 2024.
Kurator Judith Spijksma oer de oanwinst: “Mei de oankeap heakje wy in aktueel perspektyf op in Fryske skiednis oan de kolleksje ta. Mei in protte romte foar ferbylding skriuwt Azpilicueta yn it wurk opnij in lokale histoarje, dêr’t in protte froulike karakters út ferskillende lagen fan de mienskip in poadium by krije. Wy binne ek tige bliid dat wy dit Arcadiaprojekt foar de takomst boargje kinne troch dit wurk oan ús kolleksje ta te foegjen.”
Hans den Hartog Jager, artistyk lieder fan Paradys: “Wy binne der tige wiis mei dat ‘De Rebelse Lusthof’ just troch it Frysk Museum oankocht is. It is in ryk en monumintaal wurk, dat djip yn de Fryske skiednis woartelet en dêrom hopen we al fan it begjin ôf dat it foar de provinsje beholden wurde soe. Just yn it Frysk Museum, dêr’t it lokale en it universele inoar sa faak reitsje, komt it poerbêst ta syn rjocht.”
Spoaren fan it ferline
Op sneon 15 april 2023 iepenet it Frysk Museum de nije hjoeddeiske keunstútstalling Seeds of Memory. Yn dy grutte groepsútstalling brûke keunstners spoaren fan it ferline om ferhalen te fertellen. Hja ferbyldzje oantinkens en skiednissen dy’t mooglik bard binne of optocht binne, en strukturearje feiten opnij ta in nij ferhaal. Mei wurk fan Noor Abuarafeh (Palestina, 1986), Mercedes Azpilicueta (Argentinië/Italië, 1981), Maarten Vanden Eynde (België, 1977), Saskia Noor van Imhoff (Kanada/Nederlân, 1982), Bert Scholten (Nederlân, 1988) en Rinus van de Velde (België, 1983).
Fergeze iepening
Op sneon 15 april wurdt de útstalling mienskiplik mei de solo fan Katja Novitskova (Estlân, 1984) feestlik iepene mei in wiidweidich programma. Mei ûnder mear in masterles fan Mercedes Azpilicueta en Darya Golova. Publyk is wolkom en de tagong is dy deis fergees. Oanmelde kin fia de tagongskaarteside op de webside fan it museum: www.friesmuseum.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje