Undersyk provinsje: Friezen fine kultuer wichtich

maart 18, 2023 09:26

In muzykfoarstelling bywenje, films sjen, kultuer snuve yn stêd of doarp: Friezen binne aktyf en ynteressearre yn kultuer. Dat docht bliken út in ûndersyk dat ein 2022 holden is om ynsjoch te krijen yn kultuerpartisipaasje yn Fryslân.

Foto: Provinsje Fryslân

Om te witten te kommen oft en hoe faak oft ynwenners fan Fryslân oan kulturele aktiviteiten meidogge, is ûnder 30.000 húshâldens in fragelist ferspraat. Hast 2.800 Friezen fan 18 jier en âlder hawwe de enkête ynfolle. Fan de minsken dy’t oan ‘e enkête meidien hawwe hat 89% oanjûn kultuer wichtich te finen.

Yn Fryslân is in rom en fariearre kultureel oanbod, fynt 63% fan de respondinten. Yn de ôfrûne tolve moanne hat goed trijekwart fan de respondinten yn alle gefallen ien aktiviteit beoefene. Dêrby wurde film, fideokeunst, fotografy en muzyk meitsje it measte neamd. Fierder joech goed 94% fan de respondinten oan it wichtich te finen dat bern yn it ûnderwiis yn ‘e kunde komme mei kultuer.

Ynteresse
De ynteresse foar kultuer ferskilt de âldenskategory en opliedingsnivo. Minsken mei in hegere en middelbere oplieding jouwe oan faker kulturele aktiviteiten te beoefenjen of te besykjen. It liket dêrby net út te meitsjen oft se yn ‘e stêd wenje of krekt dêrbûten. Gebrek oan ynteresse wurdt as wichtichste reden neamd om net mei te dwaan oan kulturele aktiviteiten.

Kultuerdeputearre Sietske Poepjes fynt de útkomsten fan it ûndersyk bemoedigjend. “Kultuer is wichtich foar it libbensklimaat yn Fryslân. Alle ynwenners fan Fryslân moatte dêrom ek de kâns krije om diel te nimmen oan kulturele aktiviteiten”, sa seit de deputearre. “Wy binne grutsk op ús kulturele klimaat en it is moai dat de minsken yn Fryslân dat ek wurdearje.”

It ûndersyk nei de kultuerpartisipaasje wurdt ien kear yn ‘e fjouwer jier ûnder ynwenners fan Fryslân holden. Yn 2018 wie it foarige ûndersyk. Dêrby wurdt sjoen nei ferskillen tusken âldens, slachte, opliedingsnivo en wenfermidden. De útkomsten kinne troch oerheden en kulturele ynstellingen brûkt wurde om better op it kulturele ferlet fan ynwenners fan Fryslân yn te spyljen.

Ferliking mei 2018
De ferskillen tusken de mjitting yn 2018 en dy yn 2022 binne lyts. It tal respondinten dat yn 2022 in kulturele aktiviteit beoefene hat, lei wat heger as yn 2018. Streamingstsjinsten en online tsjinsten binne yn de ôfrûne fjouwer jier wichtiger wurden. Yn ferliking mei 2018 jouwe respondinten no oan mear kulturele aktiviteiten beoefenje te wollen. Yn hoefier’t koroana fan ynfloed west hat op de resultaten is net bekend. It hiele ûndersyksrapport is te lêzen fia: www.fryslan.frl/nijpodium.

maart 18, 2023 09:26
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe de Vries maart 18, 14:46

    Sokke ‘ûndersiken’ op basis fan weromstjeorde fragelisten sizze hielendal neat. Yn dit gefal: noch gjin 10 prosint stjoert in ynfolle list werom; fansels binne dat meast de minsken dy’t graach witte litte wolle dat ‘kultuer’ foar har belangryk is. Mar hoe sit it mei dy oare 90 prosint? Dy fine de fraach en miskien ek it ûnderwerp net nijsgjirrich genôch of te faach formulearre om derop te reagearjen. Dan: wat is ‘kultuer’? De Reuzen op it plaatsje? Goed foar 90.000 besikers doedestiids, as it my net mist. En in Frysktalige dichtbondel? Noch gjin hûndert keapers. Wat is ‘belangryk fine’? It iennichste wat sokke ‘ûndersiken’ dogge is munysje oanslepe foar nije amtlike notysjes om it belied krektsa troch te setten as it wie. Mei tank oan ItNijs, dy’t parseberjochten ôfprintet ynstee fan se ris goed te besjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.