Fokaal Trijelûk fan Rixt van der Kooij, twadde konsert

maart 2, 2023 10:09 Fernijd

Clara Schumann, houtskoaltekening troch Eduard Bendemann. Publyk domein

Sneintemiddei 12 maart 2023 wurdt yn de Fermanje yn Ljouwert it twadde konsert fan it Fokaal Trijelûk – Bewûndering útfierd.

It programma giet dizze kear oer de trijehoeksrelaasje Robert Schumann, Clara Schumann-Wieck en Johannes Brahms. Dat Clara Schumann de muze fan har man Robert wie en dat dy foaral foar har komponearre is algemien bekend. Minder bekend is dat Clara ek de muze fan Johannes Brahms wie en dat dy nei de dea fan har man mei har trouwe woe. De lieten yn dit programma foarmje in soarte fan deiboek. Se litte de tinzen en emoasjes fan de haadpersoanen hearre.

Rixt van der Kooij dy’t de searje organisearret en dêr ek de pianiste yn is, hat har foar dit konsert ynspirearje litten troch Robert Schumann en dan benammen troch syn ‘Myrten’ (opus 12) en de ‘Tragödie’ (opus 64). Se hat in nije syklus ‘Trageedzje’ komponearre op Fryske oersettingen dy’t Fedde Schurer fan teksten fan Heinrich Heine makke. De ‘Trije blommelieten’, dy’t referearje oan de ferneamde blommelieten fan Schumann ek útfierd wurde.

De útfierende jonge sjongers binne de mezzosopraan Laetitia Sprij (dochter fan Rixt van der Kooij) en de tenoar Max Bruins.

It konsert yn de Fermanje, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert begjint om 15.00 oere.
Kaartsjes à € 17,50 binne by de yngong te krijen. It reservearjen wurdt mei it each op it te meitsjen tal programmaboekjes tige op priis steld; dat kin troch in mailtsje te stjoeren nei info@vocaaldrieluik.nl

In abonnemint op konsert 2 en konsert 3 (snein 23 april 2023 mei de ‘Dichterliebe’ fan Robert Schumann en de ‘Dichtersleafde’ fan Rixt van der Kooij, songen troch de bariton Daniël Hermán Mostert) kostet € 32,50.
maart 2, 2023 10:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.