Foarriedige útslach: lanlik grutte winst foar BBB by Provinsjale Steateferkiezingen

maart 16, 2023 09:46

De BoerBurgerBeweging hat neffens in foarriedige prognoaze fan parseburo ANP fyftjin fan de 75 sitten yn ’e Earste Keamer helle. Dêrmei binne de BBB en de kombinaasje fan de Partij van de Arbeid/GrienLinks, dy’t ek fyftjin sitten helle hat, foarearst de grutsten wurden. De VVD komt nei alle gedachten op tsien sitten út.

Yn fiif provinsjes binne ûnderwilens alle stimmen teld: Fryslân, Oerisel, Seelân, Drinte en Flevolân. Yn al dy provinsjes is nijkommer BBB de grutste wurden. Yn Oerisel en Drinte krige de partij fan Caroline van der Plas sels goed tritich persint fan de stimmen. De foarriedige prognoaze fan de ferkiezingsútslach liet lang op him wachtsje. Mar nei in telling fan goed 85 persint fan de stimmen waard de prognoaze dochs noch bekend makke, efkes nei 05.30 oere. Yn in stikmannich gemeenten is it tellen ôfrûne nacht stillein om’t meiwurkers wurch waarden. De foarriedige opkomst stiet no, nei’t hast 89 persint fan de stimmen teld is, op 57,5 persint, yn 2019 wie de opkomst 56 persint.

PvdA en GrienLinks hopen troch harren gearwurking dat in soarte fan 1+1=3-effekt ûntstean soe, mar dat is útbleaun. De winst fan nijkommer BBB betsjut in grutte klap foar de koalysjepartijen VVD, D66, CDA en ChristenUnie. It kabinet komt neffens de foarriedige útslach út op 24 sitten fan de 75 sitten yn de Earste Keamer. Yn de sittende Earste Keamer hawwe de fjouwer partijen 32 sitten.

Fryslân
De útslach yn Fryslân is sa: 1. BBB mei 27,9% fan de stimmen (+ 27,9% neffens 2019), 2. PvdA mei 10,6% fan de stimmen (- 2,8% neffens 2019), 3. CDA (- 8% neffens 2019). BBB is yn alle Fryske gemeenten de grutste wurden. 65,5 prosint fan de Friezen brocht woansdei syn stim út, dat is de heechste opkomst sûnt 1987. Yn 2019 wie de opkomst yn Fryslân 59,1%.

De útslaggen fan de wetterskipsferkiezingen folgje yn ’e rin fan ’e middei.

maart 16, 2023 09:46
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas Land maart 17, 13:11

    Mei tank oan Nanne Hoekstra dy’t hjir op it Nijs in stikje oer de BBB skreaun hat… Watst oandacht joust groeit 😉

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.