FNP kriget antwurd út Brussel oer de wolf

maart 28, 2023 10:35

De FNP-Steatefraksje hat ferline wike antwurd krige fan de Europeeske Kommisje op it fersyk om de beskermingsstatus fan de wolf oan te passen. Wiidweidich wurdt yngien hokker mooglikheden oft it EU-belied jout om feehâlders te stypjen om it fee te beskermjen en de mooglikheid dy’t lidsteaten hawwe om yn bysûndere gefallen spesifike probleemwolven oan te pakken.

Boarne: LTO Noard

Begjin febrewaris hie de FNP-Steatefraksje yn in brief oan foarsitter Ursula von der Leyen fan de Europeeske Kommisje frege om de beskermingsstatus fan de wolf yn Fryslân op koarte termyn oan te passen. Soe de Europeeske Kommisje dat dwaan, dan koe de provinsje maatregels nimme om it grutte tal oanfallen fan wolven op fee tsjin te gean.

Yn it antwurd jout de Europeeske Kommisje oan dat binnen it natuerbelied it wichtich is om de wolf yn Europa werom te bringen yn in geunstige steat fan ynstânhâlding, neidat it bist earder útrûge is. Mar dat leveret wol konflikten op mei de feehâlderij. It giet derom om in wize fan gearlibjen tusken wylde bisten en de feehâlderij te finen. Besocht wurdt om maatregels dy’t goed wurkje om bisten te beskermjen, safolle mooglik bekend te meitsjen en dêrta hantrekken te bieden.

Wiidweidich wurdt ek yngien op de mooglikheid om feehâlders stipe te jaan om har fee te beskermjen. Dat jildt sawol foar it materiaal, bygelyks de stekken, mar ek foar it wurk dat dêrmei ferbûn is. Dêrnjonken soene lidsteaten foldwaande kompensaasje biede moatte as dochs bisten oanfallen wurde. De ferantwurdlike Europeeske Kommissarissen fan miljeu en lânbou hawwe earder in brief stjoerd oan de nasjonale ministers oer de ynset fan EU-subsydzjes en tastiene steatsstipe. Nederlân makket dêr gjin gebrûk fan.

Wat it behear fan wolven oangiet, skriuwt de Europeeske Kommisje dat lidsteaten ôfwike meie fan de strikte beskerming as dat nedich is om slimme skea tsjin te gean. Der moat dan gjin akseptabel alternatyf wêze en it behâld fan de soarte mei net yn gefaar komme. Dêr is ek in hantrekken beskikber foar.

Oer de yngeande beoardieling fan de wolf dêr’t de FNP om frege hie, skriuwt de Europeeske Kommisje dat dy al yn 2023 dien wurde sil. Dêr sille alle beskikbere wittenskiplike en technyske gegevens foar bestudearre wurde om te sjen oft oanfoljende maatregels nedich binne. Yn de reaksje fan de Kommisje fan 7 maart 2023 op de resolúsje yn it Europeesk Parlemint giet de Kommisje dêr fierder op yn. Yn dy reaksje stiet ek dat Switserlân de beskermingsstatus neffens it Ferdrach fan Bern ferleegje woe, mar dat de EU dat no noch te betiid fynt.

FNP-fraksjefoarsitter Sijbe Knol: “De Europeeske Kommisje is dúdlik noch net safier dat er romte sjocht foar behearmaatregels foar de wolvepopulaasje yn Fryslân, mar jout wol iepeningen om wat oan spesifike probleemwolven te dwaan en om feehâlders mear as foarhinne te stypjen. It is opfallend dat de Nederlânske oerheid dêr gjin gebrûk by makket fan beskikbere Europeeske fûnsen.”

It noasket de FNP wol dat de Kommisje trochpakt mei it yngeande ûndersyk, dat dit jier útfierd wurdt. De Nederlânske minister hat oan kommissaris Arno Brok skreaun ek earst noch in dialooch te wollen, mar hat al kontakt socht mei har kollega’s yn de buorlannen om in mei-inoar ta in ynternasjonaal wolveplan te kommen. Sjoch dit brief: 20230316_Minister Natuur_Beschermde-status-van-de-wolf.

Sijbe Knol: “It besef is der yntusken wol dat der wat dien wurde moat oan de wolf yn ús regio, mar it hat tiid nedich foardat behear mooglik wurde sil. Oant it safier is, giet de FNP troch mei syn ynset foar beskermingsmaatregels.”

maart 28, 2023 10:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.