Filmhûs Slieker fiert jierdei mei moaiste films fan lêste tsien jier

maart 9, 2023 08:34

Op 21 maart 2023 bestiet Slieker Film tsien jier. Om dat te fieren hat it filmhûs in spesjaal programma gearstald mei films dy’t yn de ôfrûne tsien jier útbrocht binne. Fan maart oant en mei desimber fertoant it filmhûs alle moannen ien fan de moaiste films út de jierren sûnt de iepening oan it Wilhelminaplein yn 2013.

Adèle (Adèle Exarchopoulos) en Emma (Léa Seydoux) in ‘La vie d’Adèle’ (boarne: Slieker Film)

Fariearre oanbod
De Sliekermeiwurkers dûkten yn de argiven en dat brocht harren in desennium fol prachtige films yn it sin. Programmeur Harmen Huizinga oer it jubileumprogramma: “Der is safolle kar-út! Wy realisearje ús dat we net alles selektearje kinne. It it wie echt in kwestje fan kill your darlings. Uteinlik hawwe wy in fariearre programma mei tsien films selektearre dat it oanbod fan Slieker doe, én no, goed werjout.”

De films
Yn de seleksje sitte kaskreakers as Interstellar fan Christopher Nolan, publyksfavoriten as Toni Erdmann, suksesfolle en kleurrike films as Moonlight of it tsjustere en unike The Lighthouse. Scifi-drama Ex Machina fan Alex Garland stiet dan wer streekrjocht foar it fjurrige La vie d’Adèle oer. It programma wurdt folslein makke mei de moderne klassikers The favourite, Druk en Triangle of sadness.

Prizen
Slieker ferlottet boppedat alle moannen prachtige prizen ûnder de besikers fan de jubileumfilms. Te winnen binne bygelyks in salontafelboek, in epyske soundtrack op finyl of in priveefertoaning fan in film. Wa’t in kaartsje foar in jubileumfilm keapet, makket automatysk kâns. Foarôfgeand oan de foarstelling wurdt bekend makke wa’t wûn hat.

Fjurrich romantysk
It jubileumprogramma set op 21 maart útein mei La vie d’Adèle. It libben fan Adèle stiet folslein op ’e kop as se Emma (Léa Seydoux) moetet, in jonge frou mei blau hier dy’t Adèle de kâns jout om har langstmen te ûntdekken. Wat folget is in passjonearre en stoarmeftige relaasje. De film wit it gelok, mar ek de pine, fan in earste leafde treflik te fetsjen. De film wûn yn 2013 in Gouden Palm yn Cannes en wie in grutte filmhûshit yn it jier dat Slieker de doarren iepene. Kaarten foar de jûn binne no te keap, besikers wurde ûntfongen mei bubbels en wat lekkers.

maart 9, 2023 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.