Ferline jier 13% mear boeten yn Fryslân foar riden ûnder ynfloed

maart 31, 2023 08:47

Heechste tal boeten sûnt 2010

Yn 2022 waarden yn Fryslân foar it riden ûnder ynfloed 1.475 proses-ferbalen opmakke. Neffens 2021 wie dat 13% mear. It wie it heechste tal boeten sûnt 2010. Dat docht bliken út ûndersyk fan Independer.nl op basis fan de resintste plysjesifers. It gie om ferkearsdielnimmers dy’t betrape waarden wylst se ûnder ynfloed fan alkohol, drugs of in beskate medikaasje wiene.

Foto: pexels.com

“Feroarsaket ien mei in slok te folle op in ûngelok en is der in tsjinpartij yn behelle? Dan betellet de feroarsaker de skea oan de eigen auto hoe dan ek sels. In WA-fersekering fergoedet ornaris altyd de skea by de tsjinpartij. Dat is lykwols net it gefal as der alkohol yn it spul is. Frijwol alle fersekerders wurkje mei in alkoholklausule. Dat betsjut dat se wol de skea by de tsjinpartij fergoedzje, mar dy kosten op de feroarsaker ferhelje. Yn de poalisbetingsten stiet hoe’t dat krekt regele is”, ljochtet autofersekeringsekspert Menno Dijcks fan Independer ta.

Ljouwert en Smellingerlân spanne de kroan
Benammen yn Ljouwert waarden yn 2022 gâns mear ferkearsdielnimmers op ’e bon slingere foar riden ûnder ynfloed. Dêr waarden ferline jier 365 bestjoerders betrape: 95 mear as yn 2021. Yn de fiif ûndersteande gemeenten waarden yn ferhâlding ta 2021 de measte proses-ferbalen foar riden ûnder ynfloed útskreaun: Ljouwert (+95), Smellingerlân (+40), Harns (+25), Noardeast-Fryslân (+15) en Waadhoeke (+15).
Yn fjouwer gemeenten gie it tal bekeuringen omleech: It Amelân (-5), De Fryske Marren (-10), Weststellingwerf (-15) en It Hearrenfean (-15).

Hjir wurde op tûzen ynwenners de measte boeten útdield
Yn hast alle Fryske gemeenten waarden ferline jier bekeuringen útdield foar riden ûnder ynfloed: op tûzen ynwenners giet it om yn trochsneed 2,7 proses-ferbalen. Wol binne der grutte lokale ferskillen. Yn Smellingerlân foelen de measte bekeuringen. Op tûzen ynwenners waarden dêr sels 4,5 bekeuringen útdield en yn Harns 3,7.

Op Skiermûntseach en Flylân, dêr’t hast gjin auto’s ride, waard gjinien foar riden ûnder ynfloed bekeurd. Op de ûndersyksside is te sjen hoe’t it der yn de ferskillende gemeenten hinne lei.

Autofersekeringsekspert Menno Dijcks leit út dat guon dy’t troch drank in ûngelok feroarsake hawwe net maklik oan in nije autofersekering komme kinne. “De fersekerder hat yn sa’n gefal it rjocht om de autofersekering mei yngong fan de dei fan it ûngelok te beëinigjen. Dat kin problemen foar in nije autofersekering opleverje. De Vereende, dêr’t de preemje in stik heger is, wolle sokken noch wolris oan in nije fersekering helpe.”

Reaksje korpslieding plysje: “Wy hawwe de ôfrûne jierren net faker kontrolearre. Wol oars. Grutte langduorjende fûkekontrôles hâlde wy net mear. Mei sosjale media is yn in pear sekonden bekend wêr’t wy steane, sadat minsken foar in oare rûte kieze. Wy binne hieltyd faker tusken it ferkear te finen, werom te kennen yn plysjereau, mar ek yn ûnopfallende auto’s. Wy sjogge nei gefaarlik of útwrydsk riden. Koartduorjende fûkekontrôles binne der noch hieltyd wol, mar faak rjochte op risiko’s. Bygelyks yn ’e buert fan in evenemint dêr’t de kâns grutter is dat ien mei in slok op of ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels efter it stjoer krûpt. Alkohol en drugs binne net mei ferkear te kombinearjen. Dêr sil ûnfermindere op hanthavene wurde.

maart 31, 2023 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.