Ferkenner om tafel mei alle Fryske politike partijen
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
De syktocht nei in nij kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) fan Fryslân set noch dizze wike útein. De nij keazen fraksjes yn Provinsjale Steaten fine it goed dat Chris Stoffer, yn it deistich libben Twadde Keamerlid fan de SGP, de regy nimt.
Stoffer is as ferkenner foardroegen troch de BBB. Hy sil no mei alle partijen yn petear, ien foar ien. Hy sil se allegearre freegje hoe’t se tsjin de útslach fan de ferkiezingen oansjogge, hokker opsjes se sjogge foar in nij Kolleezje fan DS en hoe’t ferkiezingsprogramma’s byinoar passe kinne. Delegaasjes fan de fraksjes hawwe ôfrûne woansdei mei dy oanpak ynstimd.
De ferkenner sil nei de petearen syn befiningen opskriuwe en dy nei ferwachting yn ’e rin fan nije wike fia de BBB mei alle fraksjes diele. De BBB sil de fraksjes dêrnei in foarstel dwaan foar it ferfolch fan it proses.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje