Ferkenner Chris Stoffer praat fierder mei seis partijen

maart 28, 2023 09:57

De petearen foar in nij kolleezje fan Deputearre Steaten foar Fryslân geane dizze wike de twadde omgong yn. Ferkenner Chris Stoffer nûget dêr seis partijen foar út.

Mei elk fan dy partijen sil er yn petear, ien foar ien. It giet njonken ferkiezingswinner BBB om PvdA, CDA, FNP, VVD en ChristenUnie. Dêr hat Stoffer nei oerlis mei BBB foar keazen.

It doel is in stabile mearderheidskoälysje mei in romme mearderheid yn Provinsjale Steaten. Leafst mei net mear as fjouwer partijen en mei in sterke foarkar foar minimaal 24 sitten. Foar in mearderheid yn de Steaten binne minimaal 22 sitten nedich.

Stoffer konstatearret dat de seis partijen ynhâldlik byinoar passe kinne. De programmatyske ferskillen dy’t der binne, binne neffens him te oerbrêgjen. De petearen sille ek oer ûnderling fertrouwen gean. BBB hat der by Stoffer op oanstien dat de minsken yn it nije kolleezje fan DS har mei-inoar in goed team fiele.

It is yn de Steaten in breed dielde winsk dat der in bestjoersakkoart op haadlinen komt, seit Stoffer, en net in akkoart dat yn detail tichttimmere is. Ferline wike fierde Stoffer petearen mei alle fjirtjin partijen dy’t op 15 maart yn Provinsjale Steaten keazen binne. Hy hat alle partijen op ’e hichte brocht fan syn befiningen en foar hokker ferfolch keazen is.

maart 28, 2023 09:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.