Feriene Naasjes keapje tanker om oaljeramp by Jemen foar te kommen

maart 13, 2023 08:24

De Feriene Naasjes hawwe in grutte oaljetanker kocht om dêrmei in oaljeramp foar de kust fan Jemen foar te kommen. Yn de Reade See leit al jierren in âlde supertanker, de Safer, fol rauwe oalje.

Foarbyld fan in tanker (foto: Wikipedia/S.J. de Waard eigen wurk – CC BY 2.5)

De Safer funksjonearret sûnt de tachtiger jierren foar Jemen as oalje-opslach op see, yn ’e buert fan de haven fan Hodeida. Sûnt it útbrekken fan de boargeroarloch yn it lân yn 2014 is der gjin ûnderhâld mear oan it skip dien. De FN is bang dat de tanker binnen koarte tiid útinoar falt of ûntploft. Dêr soe in ûnbidige hoemannichte oalje by yn see telâne komme. De Safer hat hast 175 miljoen liter rauwe oalje oan board. It skip stiet ûnder kontrôle fan de Houthi-rebellen, dy’t yn de boargeroarloch fjochtsje tsjin in koälysje dy’t troch Saûdy-Arabië laat wurdt.

“In grutte oaljeramp soe ferskriklik wêze foar de minsken dy’t by de kust fan Jemen lâns wenje en ôfhinklik fan de fiskfangst binne”, skriuwt de FN yn in ferklearring. “Hiele mienskippen soene oan gefaarlike fergiftige stoffen bleatsteld wurde. Miljoenen soene lêst fan luchtfersmoarging hawwe.”

De FN siket al jierren nei in oplossing foar it spûkskip en hat jild ynsammele by donoaren, bedriuwen en partikulieren foar it leechheljen fan de tanker. De operaasje kostet op syn minst 129 miljoen dollar. It Nederlânske regear hat ek jild donearre. It giet yn totaal om fyftjin miljoen euro. Mei it skip dat de FN kocht hat, moat de oalje feilich ôffierd wurde. De supertanker kriget in ûnderhâldsbeurt yn Sina en wurdt yn maaie yn de Reade See ferwachte foar it begjin fan de operaasje.

maart 13, 2023 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.